Weryndielingsferkiezings 2017

Op  22 novimber meie de ynwenners fan sân Fryske gemeentes nei de stimbus foar in nije gemeenteried. Dizze gemeenteriedsferkiezingen wurde earder hâlden as gewoan, om't dizze gemeentes ynkoarten fusearje sille ta trije nije gemeentes.

  • Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel komme by de gemeente Ljouwert.
  • It Bildt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel foarmje de nije gemeente Waadhoeke,
  • Súdwest-Fryslân en in part fan Littenseradiel fusearje ta in gruttere gemeente Súdwest-Fryslân


De ynwenners fan dizze gemeente komme dus yn in gruttere gemeente te wenjen. Foar guon sil it ferskil net al te grut wêze, mar foar oaren betsjut it dat se ynienen reizgje moatte om by it gemeentehûs te kommen foar bygelyks in nij paspoart. Ek sil foar in protte minsken wol it ien en oar feroarje op it mêd fan belestingen en gemeentlike regels.

Omrop Vloggers op 'en paad yn de ferkiezingsgemeentes

Hoe beynfloedet dit de stimmerij yn de trije nije gemeentes? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeentes.

  • Bauke Deelstra dompelet him in wike lang ûnder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In gemeente dy't al in grutte weryndieling achter de rêch hat, en dy't no in lyts stikje Littenseradiel derby krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Wommels nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks byhearre sille? It gemeentehûs is dalik net mear om 'e hoeke yn it doarp, mar yn Snits. En hawwe de ynwenners fan Easterein deselde soargen as dy yn Starum? Bauke siket it út.
  • Afke Boven docht in wike lang ferslach fan alle ferhalen yn de nije gemeente Ljouwert. Ek foar Ljouwert is dit de lêste stap yn in weryndielingstrajekt dat al jierren rint. Nei't se doarpen lykas Grou en Wergea yn har gemeente opnimme mochten, is it no de beurt oan doarpen lykas Stiens en Jelsum. Hawwe sy der fertrouwen yn dat it grutte Ljouwert genôch omtinken foar de doarpen hawwe sil? En yn hoefier meitsje de ynwenners fan de stêd Ljouwert har drok oer it krimpgebiet dat dalik by har gemeente komt? Afke hat de moaie taak om hjir achter te kommen.
  • Lennie Bronsveld krijt de kâns om de nagelnije gemeente Waadhoeke better kennen te learen. Trije gemeentes foarmje mei in part fan Littenseradiel in folslein nije gemeente. Hoe komt dat, en hoe sjogge de ynwenners nei harren gemeentlike buorlju? Wurdt der op It Bildt mei har dúdlike identiteit oars tocht oer Waadhoeke as yn Littenseradiel? Of binne der in soad oerienkomsten? Lennie krijt de útdaging om hjir achter te kommen, en om oare wichtige saken yn de nije gemeente foar it ljocht te heljen.


De ferslachjouwers meitsje alle dagen in vlog, wêryn't se in ferkiezingstema yn harren gemeente ûnder de oandacht bringe. Dêrnjonken binne se de hele dei te hearren op Omrop Fryslân radio.

Fierder op Omrop Fryslân yn de ferkiezingstiid

Fansels wurdt der ek yn oare programma's omtinken bestege oan de gemeenteriedsferkiezingen:

  • Buro de Vries: ​Yn Buro de Vries komt in grut ferskaat oan listlûkers oan it wurd. Ferspraad oer twa útstjoerings, dy't op 12 en 19 novimber tusken 11 oere en 13 oere op de radio binne, wurde de listlûkers yntrodusearre en ûnderfrege oer ûnderwerpen dy't by harren yn de (nije) gemeente spylje.
  • Fryslân Hjoed: Yn it nijsprogramma op telefyzje wurdt alle dagen in kompilaasje útstjoerd fan de vlogs dy't makke binne troch de trije ferslachjouwers yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Ek skood presintator Erik Ennema fjouwer kear oan yn Fryslân Hjoed om yn de styl fan Polytburo haadrolspilers te ûnder fjoer te nimmen oer de kommende ferkiezingen,
  • Omrop Live: Op de dei fan de ferkiezingen is Omrop Fryslân der fansels live by. Op de jûn mei de útslaggen is alles live te folgjen fia Omrop Fryslân radio, ynternet en fan 22:00 oere ôf ek op de telefyzje.

Oersjoch

(advertinsje)