Simmer yn Fryslân komt nei dy ta

Yn it programma 'Simmer yn Fryslân' meitsje wy in toer troch ús provinsje. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of wyk?

Oerdei is it programma te folgjen fia radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's.

Simmer yn Fryslân op tv
Jûns om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen. 


Oersjoch liveblogs en doarpen dy't op de aginda stean:

  • 12 july: Warten
  • 13 july: Tersoal
  • 14 july: Froubuurt
  • 15 july: Nijewier
  • 16 july: De Rottefalle
  • 19 july: Winaam
  • 20 july: Akkrum/Nes
  • 21 july: Riis
  • 22 july: Suwâld
  • 23 july: Wierum
  • 26 july: Grou
  • 27 july: Dronryp
  • 28 july: De Feanhoop
  • 29 july: Terherne
  • 30 july: Aldegea (Súdwest-Fryslân)
  • 2 augustus: Wâldsein
  • 3 augustus: Starum
  • 5 augustus: De Lemmer
  • 6 augustus: Harns
  • 9 augustus: Heech
  • 10 augustus: Sleat
  • 12 augustus: Hylpen
  • 13 augustus: Lollum/Waaksens
  • 16 augustus: Mûntsjesyl
  • 17 augustus: Blauhús
  • 18 augustus: Hantum
  • 19 augustus: Oranjewâld
  • 20 augustus: Drachtster Kompenije
  • 23 augustus: Lippenhuzen
  • 24 augustus: Munnekebuorren
  • 25 augustus: De Falom
  • 26 augustus: De Jouwer
  • 27 augustus: Nij- en Aldhoarne
(Advertinsje)