Neisleep coronafirus

Guon Friezen rinne moannen nei harren besmetting mei it coronafirus noch hieltyd om mei klachten dy't mar net oergean. By de ien giet it om net mear rûke of priuwe kinne, de oar hat pine op it boarst en wer in oar kin net fan de wurgens ôfkomme.

Wy komme graach yn kontakt mei Friezen dy't hjir lêst fan ha om fia de mail in pear fragen te stellen. Dyn gegevens binne privee en sille allinnich brûkt wurde om ynsjoch te krijen yn it oantal minsken dat klachten hat en watfoar klachten dat dan binne.

Hasto yn de ôfrûne 15 moannen it coronafirus oprûn, hast nei in oantal moannen klachten dy't passe by de neisleep fan it coronafirus of krijsto sels fysioterapy hjirfoar, en wolsto ynformaasje hjiroer mei ús diele? Folje dan it formulier hjirûnder yn.

(Advertinsje)