Warning message

Inzenden van dit formulier is niet langer mogelijk.

Ynskriuwformulier Tafel 18


    Oanmelding

    Doch mei oan Tafel 18 en meld dy hjir oan! Dat kin oant en mei 28 augustus.
    Dielnimmers moatte oan de folgjende betingsten foldwaan:
    • Do wennest yn de provinsje Fryslân.
    • Do wurkest net (of do hast net wurke) as profesjonele kok.
    • Do hast net in offisjele koksoplieding folge.
    • Ast dy ynskriuwst, krijst ein augustus berjocht fan ús mei dêryn ynformaasje ofst wol of net meidwaan kinst oan Tafel 18. Dan folget ek ynformaasje oer de earste opdracht en de earste opnamedei.
    • Tafel 18 is in 'contest', wy starte dus mei in flink oantal dielnimmers, geandewei de searje bliuwe der in pear kandidaten oer. Uteinlik hawwe wy ien winner.

    Ynskriuwe
    • Do skriuwst dy yn troch it ûndersteande formulier hielendal yn te foljen.
    • Wy akseptearje en beoardiele allinnich folslein ynfolle ynskriuwformulieren.
    • Meist dy mar ien kear ynskriuwe.
    • Meiwurkers fan Omrop Fryslân meie net meidwaan oan it programma.
    • Mei dyn oanmelding wurdst automatysk ynskreaun yn de adressenbestannen fan Tafel 18. Do ûntfangst bygelyks ús digitale nijsbrieven. Ynformaasje oer it ferfolch fan de searje sil faak per email ferstjoerd wurde. Wy jouwe dyn adresgegevens net oan oare partijen.

    Dielname en beskikberheid
    • Dielnimmers moatte tidens de opnameperioade beskikber wêze. Opnamedata wurde rom yn it foar kenber makke. Foar de earste omloop giet it om ien opnamedei. Mochtest trochgean yn Tafel 18, dan folgje der mear opnamedagen.
    • Betink dat dielname oan dit programma yntinsyf is en geandewei de searje meardere dagen yn beslach nimme kin.
    • De opnames fine plak yn Fryslân, mooglik sa no en dan ek by dy thús.
    • Reis- en oare kosten (bygelyks oanskaf yngrediïnten) wurde foar oanmelding en earste seleksje net fergoede. Mochtest trochgean yn de searje dan wurde ûnkosten ta beheinde hichte fergoede.
    • De rjochten fan de opnames lizze by Omrop Fryslân.
    • Omrop Fryslân korrespondearret net oer de útslach.
    (advertinsje)