Utstjoerkrêft: wy helpe dy de simmer troch

Skoallen binne ticht, by de gemeente wurdt efkes minder nij belied betocht en yn de boufak leit de bou fan nije hûzen stil. Op in soad oare plakken wurdt yn de simmer wol gewoan trochwurke. De kij moatte ommers gewoan molken wurde, de thússoarchmeiwurkers kinne net thús bliuwe en op de camping is it just drokker as ea. Dat lit de 'útstjoerkrêft' fan Omrop Fryslân dizze simmer hearre: moandei oant en mei freeds tusken 6.00 en 9.00 oere yn it radioprogramma 'Fryslân fan 'e moarn'.

Moatsto ek gewoan trochwurkje fan it simmer? Liket it dy aardich om ris wat oer dyn wurk te fertellen? Lit it ús witte fia it formulier hjir ûnder!

(advertinsje)