Simmerstanza

In stanza is in gedicht fan tusken de fiif en acht regels. In simmerstanza is dus in gedicht fan dy lingte mei de simmer as ûnderwerp. Yn Simmer yn Fryslân freegje wy ús harkers om sa'n simmerstanza te meitsjen. Der is mar ien betinkst. Wy jouwe alle dagen ien regel. Wêr't jo dy delsette, meie je sels witte. Dat kin oan it begjin wêze, mar ek yn de midden of as slotregel. Dêrnei litte wy it oan jo kreative geast oer. Foar it moaiste gedicht fan de dei leit in leuke priis klear: de Simmer Yn Fryslân slippers. It moaiste of leukste gedicht fan de wike kin rekkenje op in bysûndere priis: de limited edition fan de simmerbril!

De ferplichte regel fan de simmerstanza fan freed 22 augustus:

(De) simmer yn Fryslân is hast foarby

Mail jo simmerstanza nei: simmer@omropfryslan.nl of ful it ûndersteande formulier yn:

(advertinsje)