Gemeenteriedsferkiezings 2014

Wolkom op ús ferkiezingsside

Op woansdei 19 maart mocht in grut part fan Fryslân nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezings. Almeial giet it om 21 Fryske gemeenten. Allinne yn Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren wurdt der net stimd, dêr wiene ein ferline jier al ferkiezings fanwege de weryndieling.

Op dizze side fine jo alles om de ferkiezings hinne, lykas ús ferkiezingsprogramma's, de útslaggen en it ferkiezingsnijs.

(advertinsje)

Ferkiezingsdebatten

Yn de oanrin nei de ferkiezings organisearje Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd trije debatten op 4, 11 en 18 maart. Underwerpen dy't oan de oarder komme, binne ûnder oare de kwaliteit fan de riedsleden, de rol fan it Frysk, de weryndieling en de desintralisaasje fan de soarch en de jeugdhulp.

De debatten steane ûnder lieding fan Andries Bakker (Omrop Fryslân), Patrick van 't Haar (FD) en Atze Jan de Vries (LC) en wurde streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en binne ek te sjen op www.omropfryslan.nl. De presintaasje is yn hannen fan René Koster (Omrop Fryslân).

Jo kinne der by wêze en meiprate. De debatten begjinne om 19.00 oere en duorje oant 20.00 oere. Jou jo no op fia dizze side.

(advertinsje)