Fryske 1 april-grappen (as it goed is...)

Ljouwert: mei de learzen oan nei skoalle

De bern en âlders fan basisskoalle Het Palet yn Ljouwert kamen fannemoarn mei learzen oan of mei de broek yn 'e sokken op skoalle. De direksje hie in brief stjoerd dat de skoalle hjoed behannele wurdt tsjin mychammel (mieren). Guon âlders hiene spesjaal noch gau learzen kocht foar de bern.

(advertinsje)

Tsjom: in kowemuseum

In koweleafhawwer begjint hjoed in kowemuseum oan de Foarstrjitte yn Tsjom. Oanlieding is de oanriding mei in ko op de sneldyk by Dronryp. Der wurde ek noch ysko's ferkocht foar World Servants Tsjom.

Bûtenpost: sels wetter meinimme

Basisskoalle De Fontein yn Bûtenpost ferstjoerde justerjûn ûndersteande mail nei alle âlders. Gefolch: bern kamen fannemoarn op skoalle mei sjerrykans en flessen fol wetter om de wc mei troch de spielen. Se krigen sels in spesjale ynstruksje, mar der kamen ek fragen as: 'wat moat ik dwaan at myn wetter op is?'. By guon duorre it even foardat se it trochhienen. Sels nei it roppen fan '1 april' troch de masters en juffen, kamen bern werom fan de wc en seinen dat de wc it wol gewoan die....

Aan alle ouders van GBS De Fontein,
Van het waterleidingbedrijf kregen we bericht dat er morgen tussen 9.00 uur en 12.00 uur onderhoudswerkzaamheden zijn rondom de school. We hebben dus geen water.
Vriendelijk verzoek: Zou u aan elk kind een plastic fles met water mee willen geven, zodat er bij toiletgebruik toch doorgespoeld kan worden?

Alvast bedankt voor uw medewerking.

Ljouwert: gemeente skaft in eigen drone oan

De gemeente Ljouwert hat in eigen drone kocht. De bestjoerbere ûnbemande helikopter wurdt brûkt troch Stadstoezicht. Boargemaster Crone hat it inisjatyf naam: 'Ik ben blij met deze drone. De gemeente kan vanuit de lucht uitstekend toezicht houden bij grote evenementen in de binnenstad van Leeuwarden, maar ook bijvoorbeeld bij het skûtsjesilen in Grou. Dat komt de veiligheid van deze evenementen ten goede. Doordat de drone wordt uitgerust met een warmtebeeldcamera, verwacht Stadstoezicht Leeuwarden ook eenvoudig illegale wietplantages op te sporen'.

De drone wurdt hjoed presentearre. Beswierskriften fan ynwenners fanwege de privacy slút de gemeente net út. De wenningen fan dizze ynwenners wurde dan útsletten fan de surveillânserondes fan de drone...

Skylge: hotels komme mei eigen fytsferhier

Hotelhâlders op Skylge sille sels fytsen ferhiere. Se fine dat de fytseferhierders op it eilân te hege prizen freegje en wolle mear service oanbiede. Der is sels in aparte webside oanmakke: www.heffiets.nl. Oftewol: de 'Hoteliers Eigen Fietsverhuur, wij heffen de tussenhandel op'...

Eastermar: sjouwers socht

De kolleksje ferhalen fan Dam Jaarsma wurdt ferhuze nei Eastermar. De hast 17 tûzen ferhalen wurde beheard troch it Meertens Instituut yn Amsterdam. Dy wolle der eins wol fan ôf, omdat it ynstitút ferhûzet nei in lytser gebou. De Stichting 100 jaar Dam Jaarsma hat oanbean de kolleksje oer te nimmen. It giet om frachtwein fol en dy komt hjoed oan yn Eastermar, by de pleats fan Auke de Jong (neef fan Dam Jaarsma). Der wurde dêrom sjouwers socht. Sa stiet op de doarpswebside te lêzen: http://www.eastermar.nl/st-100-jaar-dam-jaarsma/nieuws-over-100-jaar-dam....

Swarte Hoanne: Maria ferskynt op It Bilt

In fikaris fan de katolike tsjerke hat hjoed in besite brocht oan It Bilt. Oanlieding fan de besite binne publikaasje oer Maria-ferskinings yn Nij Altoenae en Swarte Hoanne. De fikaris spruts mei boargemaster Krol en gie by de plakken del dêr't Maria ferskynt is. It giet om in 'oriënterend' petear seit de boargemaster, it is net dat de tsjerke de ferskinings offisjeel erkend. Wol sizze it bisdom en de gemeente 'dat er gezamenlijke verantwoordelijkheid is voor informatie aan  bedevaartgangers die een bezoek aan het Bildt willen brengen'. Sa stiet yn it 'offisjele' parseberjocht fan de gemeente.

Ljouwert: MCL wurdt UMCL

It Ljouwerter sikehûs MCL feroaret mei yngong fan hjoed de namme yn UMCL. It sikehûs slút oan by de 'gewoonte' fan de measte akademyske sikehûzen om in 'U' yn de namme op te nimmen, lykas it UMCG yn Grins. 'Het management van het ziekenhuis heeft hiertoe besloten omdat het MCL als Topklinisch Opleidingsziekenhuis een zeer belangrijke rol speelt bij de opleiding van artsen en van vele andere beroepsgroepen', sa stiet der yn it parseberjocht fan it sikehûs.
It Ljouwerter sikehûs is formeel net ferbûn oan in universiteit. Fryslân hat sûnt 1811 al gjin universiteit mear, doe't de Universiteit fan Frjentsjer troch de Frânske besetter sletten waard. Sûnder dat histoaryske feit hie it MCL sûnder twifel de akademyske status hân.

De 'U' yn UMCL hat dan ek gjin betsjutting, mar kin ek prima útlein wurde as 'Us MCL', sa seit hússtyl-saakkundige Frans Bezemer. It sikehûs ferwachtet gjin betizing mei it akademyske sikehûs fan Leide. Dat hjit net UMCL, mar LUMC.

RTV Drente en Omrop Fryslân wikselje programma's út

RTV Drente en Omrop Fryslân sille programma's útwikselje. Sa komt 'Pollings Passie' fan Jans Polling op Omrop Fryslan en waarman Piet Paulusma Radio Drente. It giet ynearsten om in proef, mar at it oan beide regionale omroppen leit wurdt it ynkoarten de 'gewoanste saak fan de wrâld'. De omroppen ha mekoar fûn by de ynfulling fan de troch steatssikretaris Dekker opleine besunigings.

Einredakteur Martin van der Veen fan RTV Drente seit dat se graach ûnôfhinklik bestean bliuwe wolle en dat gearuwrking mei oare omroppen needsaaklik is. By RTV Noord blykt in gearwurking net mooglik. RTV Drenthe hat der sels in radioreportaazje oer: http://www.rtvdrenthe.nl/nieuws/rtv-drenthe-en-omrop-fryslan-wisselen-pr....

Bern sakje troch de stuollen

In stik of wat âlders fan skoalbern fan de Simon Havingaskoalle yn Snits binne yn in 1 aprilgrap trape. De skoalle sei dat der problemen mei de meubels wiene. Skoalbern moasten dêrom in eigen stoel meinimme. It gefaar bestie oars dat de skoalbern troch de stoel hinne sakje en ferwûne reitsje soene.

De bern dy't in eigen stoel of kruk meinaam hiene mochten der wol op sitten gean as se dat leuk fine.

(advertinsje)