Winterwiken

Weromsjen, Wille, Waarmte

De Winterwiken by Omrop Fryslân ‘Weromsjen, wille en waarmte’ op radio, televyzje en ynternet. Dizze winter stiet de programmearring by Omrop Fryslân yn it ramt fan de Winterwiken, weromsjen, wille en waarmte. Fan sneon 20 desimber oant en mei snein 4 jannewaris bringt de Omrop in ôfwikseljende programmearring mei programma’s dy’t weromsjogge op it ôfrûne jier, dêr’t jo wille oan belibje kinne en dêr’t jo in waarm gefoel by krije.
(advertinsje)

Weromsjen

    Weromsjen op 2014 dogge wy op omropfryslan.nl, de apps en ús sosjale mediakanalen op basis fan de meast lêzen berjochten. Yn in jieroersjoch binne per moanne de belangrykste, aardichste en opfallendste nijs- en sportsaken fan it ôfrûne jier werom te finen.

    Oerdeis hat Omrop Fryslân Televyzje de hiele Winterwiken lang Winterwiken-TV, mei in grut ferskaat oan hichtepunten fan it ôfrûne jier. Sa kinne jo bygelyks op freed 2 jannewaris sjen nei de moaiste mominten fan Hea! en binne de hichtepunten fan dit sport- en nijsjier op in rychje setten. Op radio blikt Omrop Fryslân Aktueel op 29 en 30 desimber werom op it jier op basis fan de tema’s sport, ekonomy, kultuer, polityk, media, waar, natoer en soarch.

    Wille

    Wille is der ûnder oare te belibjen mei de foarstelling Juster is fuort fan Hilly Harms, Popke van der Zee en Bouke Oldenhof, Omrop Fryslân hat de foarstelling opnaam en stjoert him yn twa dielen út, op moandei 29 en tiisdei 30 desimber.

    Jacht is in koarte televyzjefilm dêr't in froulike húsdokter sintraal stiet. Sy hat mei har bêste freondinne in plan betocht om sa gau mooglik fan har skulden ôf te kommen. Mar dat rint hiel oars ôf. De film is regisearre troch de jonge regisseur Ids Aalbers dy't as NHL studint de CMD priis wûn mei syn trijelûk Anathema. Dizze film is te sjen op sneon 3 jannewaris.

    Waarmte

    Waarmte wol de Omrop oerbringe mei moaie muzyk op radio en televyzje, bygelyks fan it Frysk Sjongers Gala mei Die Twa, Tet Rozendal, Gurbe Douwstra, Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en oaren, op 31 desimber en 1 jannewaris. Fierders it Krystkonsert fan it Frysk Fanfare Orkest en Koarbizznizz dat op 25 en 26 desimber útstjoerd wurdt. Foar noch mear krystmuzyk is de online-radiostjoerder Kryst mei Douwe beskikber op www.krystmeidouwe.nl.

    Fansels is de Fryske Top 100 dit jier ek wer ien fan de hichtepunten fan de Winterwiken. De Fryske Top 100 wurdt útstjoerd op âldjiersdei. Mar earst moat de list fansels gearstald wurde troch de minsken thús. Stimme kin noch oant en mei twadde krystdei op www.frysketop100.nl of telefoanysk op de dei sels.

    (advertinsje)