Bauke Deelstra yn Etiopië

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is fan 10 oant en mei 20 desimber yn Etiopië. It is in grut aventoer foar Bauke en syn frou Evie. Yn in lyts selskip, fan fjouwer persoanen, sille se troch it Afrikaanske lân hinne reizgje. Bauke docht dêryn ferslach foar it radioprogramma De Middei fan Fryslân fan de dingen dy't se tsjinkomme.

    Dei 11: Weromsjen op de reis

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra syn deiboekje giet hjoed spitigernôch ticht. Mar foardat it safier is, moatte we dy lêste bladzyde noch wol goed folmeitsje. En hjoed net mear fanút Ethiopië, mar fan de fêste grûn hjir yn Nederlân.

    Dei 10: yn it nasjonaal park

    Hjoed hat Bauke in nasjonaal park yn Ethiopië opsocht. It giet om it park Abijatta-Shalla. Dit die hy ûnder lieding fan in gids, Hussein. Hussein gong net allinnich mei om te beskriuwen wat der te sjen falt, mar ek as befeiliger tsjin mooglike dieven. In grut aventoer wer en tagelykertiid de ôfsluter fan de Etiopiëtrip. Moarn hoopje Bauke en syn frou Evie wer yn Fryslân te wêzen.

    Dei 9: De doarpsbewenners fan Dorsi

    Bauke is fierder ôfreizige nei it súden fan Etiopië nei it plakje Dorsi. Dêr bringt hy in besite oan de doarpsbewenners mei harren opmerklike húzen yn de foarm fan in oaljefant, en dan ek nochris folslein makke fan bamboe. In moai gesicht, mar bliuwt dat wat stean? En hoe sjocht it deistich libben fan dizze Etiopiërs derút? Oh, en der komme ek noch ''neppe bananebeammen'' foarby. Litte we hearre nei Bauke syn aduio-deiboekje, dei 9.

    Dei 8: Tsjerkestjinst yn Etiopië

    Protte raze, roppe en sjonge. It is hiel wat oars: in tsjerketsjinst yn Etiopië, of yn Fryslân. Dêr is ferslachjouwer Bauke Deelstra ek efter kaam. Benamen de lingte fan de tsjinst ferskild. Yn Etiopië sitte tsjerkegongers rêstich fjouwer oeren yn tsjerke. Bauke is op dit stuit al in wike yn it Afrikaanske lân en docht elke dei ferslach fan syn únderfinings.

    Dei 4: op skoalle yn Afrika!

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra hat op in basisskoalle west en seach dêr in apart ritueel. De jongste bern stiene fol dissipline yn de rige en songen in ferske foardat se de skoalle yn gongen. Yn dat ferske leare de bern it alfabet yn harren eigen taal. Yn Etiopië binne mar leafst 200 ferskillende dialekten.

    Dei 3: op besite by Gerard en Baukje van der Wal en harren trije bern

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is hjoed op besite by Gerard en Baukje van der Wal en harren trije bern. Sy binne ien fan famyljes dy't yn Debre Zeit wenje.

    It binne de lêste moannen foar de famylje Van der Wal, want nei acht jier Etiopië, ferhúzje se werom nei Bûtenpost. 'It jout mingde gefoelens, want de útdaging is grut hjirre, mar it is fansels ek moai om wer yn Fryslân werom te kommen."

    Dei 2: hast te let...

    It gong mar krekt goed foar Bauke. De flecht fan Amsterdam nei Frankfurt hie safolle fertraging, dat hy dêrtroch hast it fleantúch nei Etiopië miste. "Wy hiene net fiif minuten letter komme moatten."

    Gelokkich is alles goed oankaam en is de flecht fierder goed ferrûn. It reisselskip is sels al arrivearre yn Debre Zeit, dêr't se de kommende dagen ferbliuwe sille. "Hjir sitte ûngefear 60 Nederlanners, en ek wat Friezen. En dat is moai, want as de minsken hjir mei inoar prate, dan kin ik der gjin tou oan fêst knope."

    Dei 1: op it fleantúch stappe

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra sil takom twa wiken wat hiel spesjaals dwaan. En wy sille him folgje dizze reis. Want Bauke is nammentlik de kommende twa wiken yn Etiopië. En dat is in grut aventoer foar Bauke en syn frou Evie. Yn in lyts selskip, fan fjouwer persoanen, sille se troch it Afrikaanske lân hinne reizgje. Bauke docht dêryn ferslach fan de dingen dy't se tsjinkomme hjir yn de Middei fan Fryslân

    En hjoed sil hy dan op it fleantúch stappe... hy is op dit stuit ûnderweis yn de auto nei Schiphol. Bauke hat de senuwen wol wat te pakken, want sa'n reis is altyd wol spannend. Want earlik sein is hy net sa fan it fleanen. Gelokkich seit hy dat Evie him der wol troch hinne sleept. Sy hat alles ''strak foar inoar en ek de koffers hat sy goed ynpakt. Ja, ik haw genôch ûnderguod en waarme truien mei''.

    (advertinsje)