Bear Boeloe 20 jier!

Bear Boeloe Live

    Bear Boeloe wurdt 20 jier en dat moat fierd wurde! Bear Boeloe bringt dêrom oranjekoeke del yn de Fryske sikehûzen. Folgje it hjir live! De bear fan Skiermûntseach is om goed 11.10 oere yn it Antionius sikehûs yn Snits. Dêrnei giet Bear Boeloe by berntsjes yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten del, dat is om goed 14.35 oere. En as lêste krijt de berneôfdieling fan it Ljouwerter MCL besite fan de bear. Dat is om goed 16.20 oere hjir te sjen.

    Ek sjogge wy om 13.20 oere en 13.50 oere by in bakker. Om 15.15 oere sjongt Marieke van der Veen-Bos noch ien kear de tune fan it berneprogramma. En sjogge wy om 17.20 oere by noch in bakker.

    (advertinsje)

    Fier de jierdei fan Bear Boeloe mei

    Bear Boeloe hat syn jierdei! De bear fan Skiermûntseach bestiet alwer 20 jier. En dêrom fiert Omrop Fryslân fan woansdei 15 oant en mei sneon 18 april 2015 feest. Mei oranjekoeke foar alle bern, in kleurplaatwedstriid en fansels in soad Bear Boeloe op ynternet, radio en televyzje.

    Fergees oranjekoeke foar alle bern

      Wa't jierdei is, traktearret fansels. Dêrom kinne alle bern oant 13 jier (basisskoalle) fergees in stikje oranjekoeke helje by in bakker yn 'e buert. By de bakker kinst ek op de foto mei Bear Boeloe. Dielst dyn foto ek even op Facebook, Twitter of Instagram? Dat kin mei #BearBoeloe.

      Op dit kaartsje steane alle bakkers dy't meidogge:

      Kleurje en win in priis

        Kinsto Bear Boeloe it moaist ynkleurje? Doch dan mei oan de kleurwedstriid en win in orizjinele Bear Boeloe-tekening! Helje in kleurplaat by ien fan de dielnimmende bakkers of printsje hjir de kleurplaat en stjoer dyn keunstwurkje foar 25 april 2015 nei de omrop ta. It adres stiet op de plaat. Sukses!

        Noch folle mear Bear Boeloe

          Yn dy 20 jier hat Bear Boeloe in hiel soad aventoeren belibbe mei Sipke en syn oare freonen. In hiel soad filmkes binne te sjen op de webside skoal.tv. Bear Boeloe hat ek in eigen side op Facebook.

          Sjoch hjir nochris nei it alderearste avontuer fan Bear Boeloe út 1995.

          Tweets #BearBoeloe

            Wat wurdt der Twittere?
            (advertinsje)