Audio of fideo bestelle

    Alle radio- en telefyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân binne nei de útstjoering noch werom te sjen of te beharkjen op ús website fia de opsje ‘Utstjoering mist’.

    De programma's dy't wy op de webside oanbiede kinne jo net downloade. Omrop Fryslân biedt jo wol de mooglikheid om radio- en telefyzjeprogramma's of reportaazjes te bestellen.Jo krije dy dan tastjoerd op in USB stick.

    Dêr binne wol betingsten oan ferbûn:

    * De rjochten op it materiaal bliuwe eigendom fan Omrop Fryslân. * It materiaal mei inkeld en allinne foar ynformative en/of edukative doelen brûkt wurde. It materiaal mei op gjin inkelde wize fermannichfâldige en/of brûkt wurde foar kommersjele doelen. It materiaal mei allinne toand wurde yn in saneamd 'besletten fermidden' en mei net oerdroegen wurden oan tredden. Tsjin misbrûk sil troch Omrop Fryslân optreden wurden. Oan de USB stick en/of oan it toande kin op gjin inkelde wize rjochten ûntliend wurde. As jo fragen hawwe oer de betingsten, nim dan kontakt op mei Omrop Fryslân fia it telefoannûmer 058 299 77 99.

    In programma of reportaazje bestelle

    Programma's of fragminten kinne besteld wurde fia it bestelformulier:
    Klik hjir foar it bestelformulier

    As it jo net slagget om fia it webformulier in bestelling te dwaan, dan kinne jo kontakt opnimme mei de resepsje fan Omrop Fryslân, fia it telefoannûmer: 058 - 299 77 99.

    De kosten foar byldmateriaal dat net âlder is as 3 moannen binne € 34,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten). De kosten foar audiomateriaal dat net âlder is as 3 moannen binne € 29,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten).

    Foar âldere byld- en audiofragminten of programma's sykje ús argyfmeiwurkers út oft it materiaal noch beskikber is. De kosten foar dat materiaal kinne heger wêze as de standertbedragen fanwegen de tiid dy't it kostet om it materiaal te sykjen en op USB stick te setten.

    DVD 'It Swarte Goud'

    De DVD fan de dokumintêrerige It Swarte Goud is te bestellen fia www.itswartegoud.nl.

    (advertinsje)