Twa nije F-35's lâne op fleanbasis Ljouwert
Op de Fleanbasis Ljouwert binne tiisdeitemoarn twa nije F-35's lâne. De twa gefjochtsfleantugen komme farsk út de fabryk yn Italië. Der binne no yn totaal fjouwer F-35's op de Ljouwerter fleanbasis.
De twa tastellen moatte yn Ljouwert noch wol ferskate ynspeksjes en testen trochstean foardat se fleane meie mei de de rest fan loftfloat. De fleantugen hawwe de nammen F-011 en F-012 krigen.