Fytspaad mei sicht op it Waad moat yn 2028 hielendal klear wêze

Der komt nei alle gedachten in fytspaad by de hiele Fryske Waadseedyk del. Dêr binne de boargemasters en wethâlders fan de gemeenten Harns, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân en it deistich bestjoer fan it Wetterskip mei akkoart gien.
© dorpwierum.nl
No rinne der noch benammen skiep op in grut part fan de seedyk. "Je kunt er nu ook al fietsen, maar je wordt gehinderd door hekken en andere obstakels. Er komen nu veeroosters en dijktrappen, om die beleving op de dijk te verbeteren", leit wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke út.
It trochgeande fytspaad mei sicht op it Waad moat soargje foar in oplibbing foar de ekonomy en it toerisme yn de streek. "Het gebied kan nog wel beter op de kaart worden gezet. Vooral de relatie met het Waddenerfgoed kan sterker. Als je er kunt fietsen, heb je meer binding met het Wad", seit De Pee. De inisjatyfnimmers fan it plan freegje it Waadfûns en de provinsje om mei te beteljen oan it fytspaad.

Toerisme

It idee foar de trochgeande fytsrûte by de Fryske Waadkust del is ûnstien yn 2018. De rûte moat besteande en nije toeristyske plakken en foarsjenningen binnendyk likegoed as bûtendyk mei-inoar ferbine. Dat jout kânsen foar toeristyke ûndernimmers yn it binnendykske gebiet. Ein 2022 moat it earste part fan de fytsrûte klear wêze en yn 2028 it oare diel.
Yn Grinslân en Noard-Hollân binne ferlykbere plannen en inisjativen. Grinslân hat it plan Kiek over Diek, in fytspaad by de seedyk del. Dat moat takom jier klear wêze, Fan it jier 2023 ôf kinne fytsers op de Ofslútdyk kieze út in rûte binnendyk of bûtendyk.
Wethâlder Caroline de Pee oer it fytspaad

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.