12 april: De earste Kanadezen ride Fryslân binnen

Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikelen steane we dêr de kommende dagen by stil. Diel ien: Kanadezen komme by Noardwâlde de provinsje yn.
Feestfierende froulju klimme op in tank fan de Kanadeeske befrijers. © drentheinoorlog.nl
Op dizze 12 april is it op de dei ôf 75 jier lyn dat de earste Kanadeeske befrijers de provinsje Fryslân berikke. Ut Frederiksoord wei, dêr't se de nacht trochbrochten, ride se moarns om kertier oer alven oer de Nieuweweg nei Noardwâlde. It hiele doarp rint út om se in waarm wolkom te jaan by de brêge yn it sintrum.

Royal Canadian Dragoons

In part fan de Royal Canadian Dragoons set ôf rjochting Aldeberkeap, in oar part sil fia Finkegea nei Steggerda. Neidat dêr de earste Kanadeeske pânserweinen foarby ride, komt it ta in treffen tusken Dútsers en Kanadezen. In autobus fan de Dútsers baarnt út en in frachtwein mei munysje soe ûntploft wêze. Ek by De Blesse wurdt sketten.
Ik kreeg een Engelse sigaret. Het was een fantastische ervaring, maar we waren nog niet bevrijd.
Henk Wielinga
Henk Wielinga kin it him noch goed heuge: "(...) ik hoorde een paar harde knallen en het geratel van een zware mitrailleur. Ik liep naar de weg om te zien wat er aan de hand was. In de richting Willemsoord zag ik op een afstand van ongeveer 300 meter een colonne vrachtauto's staan. Daar omheen renden Duitse soldaten. Op dat moment zag en hoorde ik een straal lichtspoormunitie richting de colonne auto's gaan. Ik schrok me wezenloos en dook in een droge sloot."
"Mijn nieuwsgierigheid won het en ik ging dus toch weer kijken. Ik ontdekte dat de kogels uit de richting van het station in Peperga kwamen en dus van onze bevrijders de Canadezen. Ik pakte mijn fiets en reed naar Peperga en inderdaad stond daar een pantserwagen en een vlag met maple leaf op de grond. Ik kreeg een Engelse sigaret. Het was een fantastische ervaring, maar we waren nog niet bevrijd."

Frânske parasjutisten

Yn de dagen foarôfgeand is it ek al ûnrêstich yn de provinsje. Yn de nacht fan 7 op 8 april wurde yn Drinte en Eaststellingwerf 700 Frânske parasjutisten dropt.
In stik as 60 dêrfan komme del by Haulwerwyk en Appelskea. It doel fan dizze 'Operatie Amherst' is om wichtige ferkearsknooppunten en brêgen feilich te stellen, sadat de Kanadeeske troepen dy't deroan komme, maklik oplûke kinne. Al gau nimt in groep para's de Stokersverlaatbrêge yn Appelskea yn, en nimt alle Dútsers dy't de brêge passearje wolle kriichsfinzen.
Keimpe Sikkema fan De Westereen skriuwt op 10 april yn syn oarlochsdeiboek:
"De wildste geruchten doen de ronde: parachutetroepen zijn geland bij Vries-Zuidlaren, bij Rolde, Assen, Appelsga, Haulerwijk, Haule, Donkerbroek, bij Meppel enzovoort. Wat de kern van waarheid erin is, ja zeg dat maar eens, maar toch is het vrijwel zeker, dat de Geallieerden sinds Zondag 8 dezer ook op Friese bodem staan!"

Sabotaazje-aksjes

Op 8 april klinkt ek út Ingelân it radioboadskip 'De fles is leeg'. It sein foar de BS (Binnenlandse Strijdkrachten) dat se oer 36 oeren begjinne moatte mei sabotaazje-aksjes dy't de Dútsers tsjinhâlde kinne as de Kanadezen tichterby komme.
It spoar wurdt op ferskate plakken fernield, brêgen wurde iependraaid, diken ôfset mei beammen, paadwizers wurde fuorthelle en telefoantriedden trochknipt.
De aksjes binne net sûnder gefaar. Op guon plakken, lykas yn Spears, rekket de BS yn gefjocht mei de Dútsers. By de pleats fan boer Bruinsma is de BS dwaande beammen om te seagjen om de dyk ôf te setten, as se Dútsers oankommen sjogge.
To Hofstra út Snits heart fan har heit dy't feedokter is wat der barde en beskriuwt it foarfal op 11 april yn har deiboek.
"(...) en nu die "fijne Geheime Dienst" ze begon n.b. te schieten op die kerels zichzelf schuil houdende op het boeren-erf. Het werd nu één grote schietpartij. De familie van de boer ging in de kelder maar de boer dacht; ik zal de deur maar open doen (De Duitsers dachten natuurlijk dat die boer schoot) Maar de boer werd versplinterd door een handgranaat."
Ek de soan fan boer Bruinsma wurdt deasketten yn it gefjocht.
De boer werd versplinterd door een handgranaat.
To Hofstra
De stoflike omskotten fan de eksekutearre fersetsminsken by Dronryp, wurde mei hynder en wein fuortbrocht. © Fries Verzetsmuseum

Dútsers nimme represaille

Ien fan de oare sabotaazje-aksjes mei grutte gefolgen is it losdraaien fan de spoarrails tusken Ljouwert en Harns. Dêrtroch ûntspoart in frachttrein fan de Wehrmacht. De lokomotyf en fiif wagons mei elektromotoaren en ôfwargeskut as lading, geane ferlern.
De Dútsers binne poerrazend. Fiifentweintich manlju út Boksum, Deinum en Blessum moatte de rommel oprêde, mar de brokstikken binne te swier om te sjouwen. Dochs moatte se de hiele dei en nacht by it spoar bliuwe.
Mar de Sicherheitsdienst wol mear, en nimt dêrom as represaille fjirtjin finzenen út it Burmaniahûs yn Ljouwert mei nei Dronryp. Op 11 april wurde sy fusilearre by de brêge oer it Van Harinxmakanaal. Ien fan de mannen, Gerard de Jong, hâldt him foar dea en oerlibbet sa as iennichste de eksekúsje.
It grêf fan soldaat Wilfred Berry op it hiem fan de famylje Heida yn Aldeberkeap. © drentheinoorlog.nl

Haadkertier Aldeberkeap

De opkeamer fan de pleats fan de famylje Heida yn Aldeberkeap, wurdt op 12 april in tydlik haadkertier foar de Kanadezen. Dêr op it hiem begrave se ek de 25-jierrige soldaat Wilfred Berry út Shelburne, Ontario.
Hy is yn ien fan de Kanadeeske pânserweinen ûnderweis op ferkenning nei It Hearrenfean. By Aldeholtpea mist hy in ôfslach en rydt by fersin as iennichste yn de rjochting fan Wolvegea, as er troffen wurdt troch Dútsk fjoer.
Berry rekket swierferwûne en oerlibbet de oanfal net. Letter sil hy op 'e nij begroeven wurde op it militêre begraafplak yn Holten. Yn Aldeholtpea is in monumint oprjochte foar Berry, en in strjitte nei him neamd.

Op nei it Noarden

De Kanadezen yn Aldeberkeap wolle sa gau mooglik nei de Waadkust, om foar te kommen dat de Dútsers fia de Ofslútdyk flechtsje kinne. Mar de measte rûtes nei it Noarden út Aldeberkeap wei binne gjin opsje.
De Dútsers hawwe de brêgen oer de Tsjonger by Aldhoarne en by Aldskoat beide springe litten. De brêge by Mildaam is noch wol yntakt, en oan de ein fan de dei slagget it de Kanadezen om dy te berikken. Yn de Mildaamsterpolder geane se yn bivak, mar de sitewaasje is spannend omdat tichteby, oan de dyk fan Oranjewâld nei Ketlik, Dútsers yn stelling lizze. Ien fan de Kanadeeske weinen wurdt rekke troch in 'Panzerfaust' en twa soldaten, Jack Hollingshead en Jack Atkins komme dêr by om.
Foar dit artikel is gebrûk makke fan ynformaasje fan de websiden www.drentheindeoorlog.nl, tracesofwar.nl, nationaalarchief.nl en ter-idzard.nl. En it boek De regio tijdens de Tweede Wereldoorlog fan W.H. de Vries, de befrijingsbylage yn de Leeuwarder Courant fan sneon 8 april 1995 en de oarlochsdeiboeken fan Keimpe Sikkema en To Hofstra.
Moandei folget diel twa fan dizze rige. Dat giet oer de grutte úttocht fan de Dútsers. Dizze rige artikelen is mei ta stân kommen troch in bijdrage fan it vfonds.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.