Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier it stik '#freonen?!'

It iepenloftspul fan Jorwert bringt dit jier it stik #freonen?! (hashtag freonen = hast ek freonen) op de planken. De earste repetysje wie oars as oars fanwegen corona. Spilers en regisseur troffen mekoar online fia ZOOM.
It stik is basearre op de Italiaanske film 'Perfetti Sconosciuti' en regisseur Tjerk Kooistra hat it bewurke.
Yn dizze film komt in groep freonen op hegere leeftiid wer ris by elkoar en dan komme se derachter dat har freonskip hiel oars is as dat se tochten. Dit liedt ta ferrassende ûntwikkelingen.
Troch it coronafirus is it ûnwis oft it iepenloft wol trochgiet, mar dat hâldt de Jorwerters net tsjin om de earste trochlês- en repetysjejûnen te plannen. By dat oerlis woansdeitejûn wienen de spilers, regisseur en dekôrbouwer. De regisseur hat it skript sa oanpast dat se de earste wiken op dizze wize fia ZOOM wurkje kinne.
As it stik dit jier yn septimber net trochgiet, is der altyd noch in takom jier, fynt Kooistra. It stik sil wis opfierd wurde. Nij is dat it publyk op in draaiend poadium komt te sitten.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Willem de Vries wie yn Jorwert

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.