Ljouwerter bern hawwe yn Fryslân grutste kâns op earmoed

Goed tsien prosint fan de bern yn Ljouwert makke yn 2018 kâns op earmoed, hat it Centraal Bureau voor de Statistiek berekkene. It CBS hat sjoen nei it ynkommen fan in húshâlding dêr't de bern yn opgroeie en yn de measte gefallen bestiet dat ynkommen út in útkearing.
Lege beurs © Shutterstock.com
De kâns op earmoed leit yn Ljouwert heger as it lanlik trochsneedsifer fan goed acht prosint. Yn Smellingerlân, Harns, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en Weststellingwerf leit de kâns om it lanlik trochsneedsifer hinne. Yn de oare Fryske gemeenten is de kâns leger.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.