Iepenloftspul Burgum spilet takom jier 'Schindlers List'

Yn maaie 2020 spilet it Iepenloftspul Burgum 'Schindlers List'. Goed 75 jier nei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan Oskar Schindler, dy't yn de oarloch mear as tûzen Joaden rêde, him ôf by it âld molkfabryk fan Burgum.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De regy en de toanielbewurking binne yn hannen fan Theo Smedes. Belangstellenden om mei te dwaan oan it iepenloftspul yn Burgum kinne harren oanmelde. De haadrol moat noch fersein wurde, mar der binne ek byrollen en der binne ek minsken nedich foar in figuranterol.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.