Nij krúspunt Hilaard feestlik iepene

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
© Provinsje Fryslân
Hilaard hat der in tunnel by, de Prommegong. Der is sûnt begjin 2016 hurd wurke oan de rekonstruksje fan it krúspunt. Dat gie net altyd like goed; sa makke it doarpsbelang har bygelyks soargen oer feiligens yn de tydlike sitewaasje doe't it ferkear oer in by-pass ride moast. Fan Hilaard yn de rjochting fan de Hoptilsterdyk is in autotunnel oanlein. De tunnel giet no ûnder de provinsjale dyk N359 troch.
De iepening fan it nije krúspunt waard woansdei feestlik fierd yn oanwêzichheid fan skoalbern en deputearre Sietske Poepjes.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.