Stepalvestêdetocht giet dat it slydjaget, mar wol mei genôch wetter en in hjitteprotokol

Nachts by de start yn Boalsert © Rudy Bouma/RBNieuws.nl
Goed 400 dielnimmers setten ôfrûne nacht harren bêste fuotsje foar by de start fan de 39e Stepalvestêdetocht. Alle dielnimmers ûntfongen in hjitteprotokol.
Om middernacht begûnen de steppers oan de 225 kilometer.
"It giet hartstikke moai, de earsten binne al hast yn Boalsert. Se hawwe de boppenste lus al dien, dus dat giet dat it slydjaget", seit foarsitter Rein Zwart om 09.00 oere.
Hy is yn poerbêste stimming. "Dit is geweldich. Dit is sa moai steppe. Gjin reinwetter, super."

Hjitteprotokol

Dochs freget it waarme sinneskynwaar wol wat tarieding.
De organisaasje ropt alle dielnimmers op om genôch te drinken, om harren goed yn te smarren en om it skaad op te sykjen as dat nedich is.
"Om't de minsken wol frij kompakt byinoar steppe, hawwe wy folchbussen. Minsken dy't wetter hawwe moatte, kinne wy dêr fluch fan foarsjen. Ik haw sels ek fleskes wetter yn de auto", fertelt Zwart.
Klear foar de striid © Rudy Bouma/RBNieuws.nl
De foarsitter ferwachtet de dielnimmers earder yn Boalsert as oars.
"Ik tink dat se 15.30-16.00 oere wol yn Boalsert binne. Mar as se sa trochsette as no, kinne se der ek wolris earder wêze."
Dat hat ek te krijen dat de steppers in healoere earder fan de stop by de maneezje yn Harich wei kinne. Oars wie dat 14.30 oere, mar hjoed is dat 14.00 oere. "Dus we binne hoe dan ek in healoere earder."

Op nei it jubileum

Ien dielnimmer docht al foar de 35e kear mei, fertelt Zwart grutsk. Sels hopet er takom jier de 40e edysje fiere te meien, in jubileum.
Mar earst de drokte fan dit jier trochkomme.
"It jout in soad foldwaning, as minken it folbringe kinne en wy it as team wer goed dien hawwe."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.