Tydlike meldkeamer foar Fytsalvestêdetocht: “We bereiden ons voor op hitteletsel”
Boalsert is klear foar in waarme Fytsalvestêdetocht. Neist de finishtinte is in tydlike meldkeamer fan it Reade Krús ynrjochte.
Skerm nei skerm wurdt it lokaal fan groep 3 fan de Sint Maartenskoalle yndroegen. It binne de lêste puntsjes op de 'i'.
Op de tafels dêr't learlingen harren oars bûge oer rekkenjen en taal, steane no telefoans en grutte kompjûterskerms.
It wurdt it klopjende hert fan de helpferliening kommende moandei. Tsientallen earstehelpferlieners binne dan op 'en paad om fytsers yn need by te stean.
"Er zitten hier twee shifts van vijf mensen. Zij sturen alles aan", seit koördinator Oscar Knevelman fan it Reade Krús.
Se hâlde it waarberjocht goed yn de gaten. Dat is by eveneminten de grutste boarne fan soarch.
"We houden eigenlijk overal wel rekening mee, maar nu wordt het warm. Dus we bereiden ons ook voor op hitteletsel zoals oververhitting."
Knevelman ropt de fytsers dan ek op om goed dissiplinearre te drinken.
Bakken iis
Mocht it dochs misgean, dan hawwe de helpferlieners bakken iis mei.
"Dan kinne we dat yn it wetter dwaan en sa handoeken kuolje en dy oan de fytsers jaan dy't it nedich hawwe."
De organisaasje hat boppedat ekstra wetterpunten oanlein by de rûte del.
We hebben er echt zin in. Het is een van de mooiste om te doen.
"We hebben ook mobiele teams onderweg. Bovendien zijn de motorrijders die de rijdende controle doen opgeleid EHBO'er. Mocht er wat misgaan, dan kunnen die snel hulp bieden", seit Knevelman.
Ungemakken trochjaan
Alle dielnimmers krije it neednûmer fan de meldkeamer mei foar ûnderweis. By ûngelokken kinne se belje.
Alles wurdt notearre, seit Knevelman.
"Die data verzamelen wij en dan kunnen we na afloop kijken of er plaatsen zijn waar veel ongelukken waren. Dan kan de organisatie dat weer gebruiken voor de evaluatie en verbeterpunten voor de volgende editie."
"We hebben er echt zin in. Het is een van de mooiste om te doen. Naast de Tall Ships Races in Harlingen straks. Dat zijn de echte grote evenementen."
Foar Stephan Rekker, foarsitter fan de Friese Elfsteden Rijwieltocht, komt it foarseine moaie waar as in geskink.
"Dat kin net better. It wurdt hartstikke moai fytswaar. Miskien is foar guon wer krekt wat te waarm, mar de dielnimmers moatte ek sels neitinke. Yt en drink genôch, dan wurdt it in skitterjende dei."
Oanpassing rûte
De fytsers moatte wol rekken hâlde mei in pear oanpassings oan de rûte.
"Sa ride we net troch Arum. Dêr leit de dyk derút. We ride no fan Wytmarsum nei Penjum en sa nei Kimswert."
Mar ek nei Dronryp leit it der justjes oars by. Rekker: "Dêr geane we oer it fytspaad. Dat wurdt dêr ek dúdlik oanjûn, it sjocht der allegear kreas út."
It Reade Krús, de frijwilligers fan de Elfsteden Rijwieltocht: se binne der allegear klear foar.
"Ja, Boalsert is dit wykein wer de fytshaadstêd fan it Noarden."