"Swier teloarsteld" strânet sc Hearrenfean yn de heale finale fan de play-offs

Bernt Klaverboer sjocht de bal nei © Orange Pictures
Gjin Europeesk aventoer, mar seizoensbeëiniging yn de Galgenwaard foar sc Hearrenfean. Nei in 3-2 ferlies tsjin FC Utrecht is teloarstelling it oerhearskjende gefoel.
"De tweede helft was complete chaos", begjint oanfaller Dylan Vente.
"Leuke wedstrijd voor de normale supporter, maar daar hebben we helemaal niets aan."
Nei in doelpuntleaze earste helte begûn de twadde helte mei fjoerwurk.
Earst skeat de thúsploech raak, wêrnei't Vente de lykmakker makke. Mar goed fiif minuten letter stie Utrecht op in 3-1 foarsprong.
Uteinlik wist Jacob Trenskow noch in twadde treffer te meitsjen foar Hearrenfean, mar mear as dat siet der net yn.
"Ik denk wel dat wij als team goede mogelijkheden hebben gekregen, maar die ook hebben weggegeven. Na de aansluitingstreffer kun je met een beetje geluk de 3-3 maken, maar het zat helaas niet mee."
"Ergens hou je toch rekening met de finale zondag, want je hoopt vandaag te winnen", giet Vente fierder. "Nu is het in één klap klaar, toch wel gek."

"Tegen Utrecht geen schande"

"We hebben zeker wel aanspraak gemaakt op meer doelpunten", seit trainer Robin Veldman.
"Alleen ontbrak net dat stukje kwaliteit om terug te komen in die wedstrijd."
"Dat is tegen Utrecht geen schande. Maar ons veldspel laat zien dat we een mooie ontwikkeling hebben laten zien als team en club. Daarmee sluiten we het seizoen af."
Hy praat fol lof oer syn ploech. "Als je kijkt hoe iedereen zich voor de bal gooit aan het eind, dat is fysiek gezien een heel knappe teamprestatie."

Tefreden trainer

"Ik vind het een team dat op én buiten het veld enorm gegroeid is met elkaar. De jongens komen overal vandaan en worden in Heerenveen in een huis gezet: red je maar."
"Dat maakt mij als mens heel trots", fertelt er. "Maar als trainer ben ik over de ontwikkeling van het team ook heel tevreden."
Dylan Vente makke de 1-1 © Orange Pictures
Dat grutske gefoel is ek te sjen by doelman Bernt Klaverboer. Al is teloarstelling it gefoel dat by him, en de rest fan it team, oerhearsket.
"Giest der net fan út dat it seizoen hjir einiget, hielendal dit jier net. Ik haw no even tiid nedich om ta it besef te kommen. Swier teloarsteld."

Flater by de 1-0

By de 1-0 fan Artem Stepanov makke de jonge keeper in flater. Hy woe de bal fange, mar griep mis en botste tsjin Sam Kersten op. Dêrtroch hie Stepanov frij spul.
"It wie in foarset; dan is it dreech ynskatten hoefier't de bal komt. It wie in ferkearde ynskatting, gewoan in flater."
"Dan makkest de 1-1 en dan hast it gefoel datst der wer yn sitst. Mar dan giet it hiel hurd. Yn de earste helte fûn ik ús wol better, mar yn de lêste faze komme we dan krekt net ta kânsen."
"Dit is hiel soer, ik ha der no even gjin wurden foar. It wie stil yn de klaaikeamer, ik tink dat elkenien it gefoel hat dat der mear ynsitten hie."
"It is nei dizze wedstriid wol efkes dreech", seit er. "Mar ik sil úteinlik wol mei in grutsk gefoel weromsjen."

Maklik doelpunten weijûn

"Heel teleurstellend", seit Joris van Overeem.
"Tijdens de wedstrijd heb je het gevoel dat je door kan naar de finale, maar je laat het zelf uit je handen glippen door te makkelijk doelpunten weg te geven."
"We misten wat diepte en soms ook opportunisme. Als club wil je de play-offs halen en dat is niet gelukt. Dus het was een prima seizoen, maar niet goed genoeg."

Goed seizoen mei 51 punten

"Ik denk dat je jezelf moet belonen met een goede positie in de play-offs, maar dat is net niet gelukt", seit Vente.
"Ik denk dat we uiteindelijk een goed seizoen hebben gedraaid met 51 punten."
Teloarstelling by Oliver Braude © Orange Pictures
"Ik denk dat we hebben laten zien dat we goed voetbal spelen. Maar volgend jaar moeten we, denk ik, iets volwassener worden, zoals we in de laatste periode hebben gedaan."
"Natuurlijk willen we ons versterken", seit Veldman oer folgjend seizoen, mar hy jout ek oan tefreden te wêzen mei de ploech dy't der no stiet.
"We willen ook meer kwaliteit om om in de slotfase iets te kunnen forceren. Daar zijn we nu al druk mee bezig."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.