Cambuurferdigener Baouf yn Marokkaanske foarseleksje WK fuotbal

Baouf mei de Marokkaanske flagge © Dijks Media
Cambuurspiler Ismaël Baouf makket diel út fan de Marokkaanske foarseleksje foar it WK fuotbal. De foarriedige seleksje fan bûnscoach Mohamed Ouahbi bestiet út 28 man. De úteinlike seleksje mei út maksimaal 26 spilers bestean.
Baouf (19) hat it ôfrûne seizoen syn trochbraak belibbe yn Ljouwert. In jier lyn kaam er oer fan Anderlecht (België). By Cambuur kaam er al gau yn de skynwerpers te stean mei syn solide wedstriden yn it hert fan de ferdigening.
Baouf hat in Belgysk en in Marokkaansk paspoart. Yn septimber waard er wrâldkampioen mei Marokko ûnder 20.
Op it WK sit Marokko yn in pûl mei Brazilië, Haïty en Skotlân.
Mear sportnijs fynst yn ús liveblog fan dizze wike:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.