Cor en Tiny steane mei in lekke bân, mar witte net wêr't se binne

Earne midden yn de greiden steane Cor en Tiny van der Plas mei in lekke bân. Se moatte de ANWB belje foar help, mar hawwe eins gjin idee wêr't se bedarre binne.
It pear komt út Den Haag, mar leit op dit stuit mei de boat yn Terherne. In stik stiel yn de bân soarget foar it opûnthâld en Cor krijt it der net út.
En it duorret ek noch wol even foar't se de Wegenwacht oan de telefoan hawwe.

Noch net lilk

It sit Cor en Tiny ek net mei, twa wike lyn hiene se mei in oare auto ek al in lekke bân. Mar it sin is noch goed.
"Ik ben blij dat ik nog niet boos ben. Want dan had je wat op de tv gehad hoor", fertelt Cor laitsjend.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.