Undersikers hingje mikrofoans yn de Waadsee om lûden fan brúnfisken te bestudearjen

Ferslachjouwer Remco de Vries mei it model fan in brúnfisk © Dirk Klaver, Omrop Fryslân
Undersikers wolle de lûden fan de Waadsee bestudearje, dat liket bêst dreech, mar se hingje der gewoan in mikrofoan foar yn it wetter.
Fan it achterdek fan de tonnelizzer Waddenstroom fan Rykswettersteat ôf ferdwynt der in reade boei de Waadsee yn, lykas geregeld foarkomt. Mar der is dochs wat oars as oars.
Tusken it stik semint dat de boei te plak hâld en de boei sitte twa saken dy't der oars net thús hearre. Ien dêrfan is in ûnderwettermikrofoan.
Boppe de swart-wite mikrofoan hingje wat giele boeien mei lucht deryn dy't der foar soargje dat it apparaat boppe de seeboaiem sweven bliuwt.

Nije akku

Om de fjouwer moannen helje ûndersikers de mikrofoan wer omheech foar in nije akku en om it lûd dat der ûnderwetter opfongen is op te heljen. En dat trije jier lang.
De ûndersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen en de Universiteit Leiden binne yn in soad lûden ynteressearre. Mar mooglik wol it meast yn dy fan de brúnfisken.
De brúnfisk is de lytste walfisk dy't wy hjir ha en minsken sjogge sy hieltiten mear yn de Waadsee.
Brúnfisken prate mei elkoar troch klik-lûden en dy lûden sette sy ek yn om it paad te finen en te jeien op oare fisken. Mar wy witte eins net goed hoe't sy de Waadsee krekt brûke.
Op inisjatyf fan de Waddenvereniging, mei jild fan it Waadfûns en mei stipe fan it ministearje fan Lânbou, Fiskerij Fiedselfeiligens en Natuer wurdt dêr no wat oan dien.
Dêrfoar binne dizze ûnderwettermikrofoans tige geskikt. Want dy registrearje dat kliklûd hiel goed.

Hiele Waadsee

Woansdei binne der trije fan dizze saneamde hydrofoanen pleatst; de lêste op sa'n twa oeren farren fan Harns. Sa'n bytsje op de hichte fan de Zuidwal; in âlde gaswinynstalaasje.
Der komme noch njoggen by ferspraat oer de hiele Waadsee. It is net de earste kear dat dizze metoade ynsetten is. Mar op dizze skaal, sa lang en gebietsdekkend, is it noch net dien.
Rijkswaterstaat pleatst in hydrofoan yn see; it swart-wite objekt ûnderyn © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De brúnfisk mei dan wol it meast oansprekkende part fan dit ûndersyk wêze, mar dêr bliuwt it net by. Op dizze rûzige woansdei komt der fan alles foarbyfarren; rekreaasjeskippen, silende klippers, fiskjende garnalefiskers, in fearboat en in hiele grutte sânsûger.
En oeral dêr't wy, minsken aktyf binne, meitsje wy yn 'e regel ek lûd. Dat lûd kin fan ynfloed wêze op dy ûnderwetternatuer. Dat lûd pakt in mikrofoan ek mei.

Lûden fan minsken

Fan wynmûneparken, dy't der net binne yn de Waadsee, is bekend dat benammen by de oanlis fan sa'n park lûd frij komt dêr't brúnfisken en seehûnen lêst fan ha.
Dy ynfloed fan lûd op ûnderwetternatuer is ek net sa frjemd. Lûd ferpleatst him ûnder wetter fjouwer-en-in-heal kear rapper en klinkt ek noch hurder.

Keunstmjittige yntelliginsje

It is lykwols net ienfâldich om fjouwer moannen oan lûd te bestudearjen en derachter te kommen hokker lûd by hokker aktiviteit fan minsk, bist, fûgel of fisk heart.
Fan de meast foarkommende lûden binne wol foarbylden beskikber. Mei help fan keunstmjittige yntelliginsje kin sa al in soad lûd identifisearre wurde.
Sa krije wy stadich oan sicht op it ûnderwetterlûdslânskip en wat dêr omswimt. En dat kin wer brûkt wurde foar in goed behear fan de Waadsee.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.