Stephanie mei sliepe foar har wurk
Foar har wurk mei Stephanie Keizer fan Boarnburgum sliepe. Oant se wekker belle wurdt troch immen mei problemen dy't se helpe moat.
Stephanie is slieptsjinstbegelieder. De minsken dy't Stephanie nachts belje kinne ha psychyske problemen, lykas suïsidale tinzen of lichaamlike klachten troch drank- of drugsgebrûk.
De iene nacht is drokker as de oare. "Het komt en gaat met het vallen van de blaadjes", neffens de helpferlienster.
Kleurrike fûgeltsjes fan klaai
Neist dizze parttime baan makket sy ek noch keramyk. Stephanie is krekt dwaande mei in groepke fûgeltsjes dy't se noch glazuerje en bakke moat.
De keramiste ferkeapet har kleurrike wurk op merken en oan hûs.