Wenningbouplan yn Frjentsjer leit foarearst stil, yn ôfwachting fan Ried fan Steat

Tuinen en Vliet út de loft wei © Omroep Zilt
De bou fan 46 hûzen yn de Frjentsjerter wyk Tuinen en Vliet leit foarearst stil. De gemeente Waadhoeke en de belutsen ûntwikkelers ha by de Ried fan Steat ôfpraat om earst in definitive útspraak ôf te wachtsjen.
Op in spoedsitting yn Den Haag die bliken dat alle partijen mear baat ha by in rappe behanneling fan de boaiemproseduere. It foarstel fan de rjochter is om dat yn it lêste part fan dit jier te dwaan, sadat der dan definityf dúdlikheid is.
De gemeente wol 46 hûzen bouwe op it terrein fan in eardere skipswerf. Neffens de eigeners fan autoskeabedriuw Kuperus soarget dat foar ekstra ferkear en parkeardruk yn de smelle strjitten.
It bedriuw is ek benaud dat takomstige bewenners kleie sille oer lûdsoerlêst, bygelyks as jûns metaal yn in kontener stoart wurdt.

Brêge opnij punt fan diskusje

In punt fan diskusje is ek de Brouwersbrêge, de iennige tagongsdyk foar motorisearre ferkear nei it eilânbuertsje Tuinen en Vliet.
Neffens de famylje Kuperus en omwenners kin de brêge it ekstra (bou)ferkear net oan. Sy sizze dat de konstruksje oan de ein fan de libbensdoer is.
De gemeente Waadhoeke sprekt dat tsjin: de brêge is net ûnfeilich en kin it ferkear 'noch maklik oan'.
Dy útlis komt net oerien mei in ynspeksjerapport út oktober 2024. Dêryn stiet dat de brêge net oan alle feilichheidsnoarmen foldocht en kwetsber is foar oerbelêsting.
De Brouwersbrêge yn Frjentsjer © Omroep Zilt, Richard de Boer
Advizen út dat rapport wienen ûnder oare in ferbod foar swier frachtferkear of in smellere rydbaan, sadat swiere weinen elkoar net mear passearje kinne.
It rapport wie al in skoft yn hannen fan it kolleezje. Omwenners reagearren earder ferbjustere dat it rapport net mei harren of mei de gemeenteried dield is. Sy fiele har net serieus naam.
Grut ûnderhâld fan de brêge stiet trouwens wol op de aginda. Dat moat wat de gemeente oanbelanget gebeure as de Ried fan Steat it wenningbouplan letter dit jier of begjin 2027 goedkart.

Parkearplakken

Njonken de diskusje oer de brêge moat de gemeente ek noch útlis jaan oer it tal plande parkearplakken by de nije wenningen. Mooglik binne der mear nedich as wat no yn it plan stiet.
As de Ried fan Steat letter dit jier útspraak docht, wurdt dúdlik oft it wenningbouprojekt trochgean kin, en mooglik ek wat dat betsjut foar de Brouwersbrêge.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.