Dit keunstige boarterstastel komt yn it sintrum fan Ljouwert te stean

It ûntwerp fan De Waagschaal © Buro B+B
Yn it hert fan Ljouwert komt in nij, byldbepalend keunstwurk te stean: De Waagschaal wurdt in nij boartersplak njonken de Waach.
It krijt in plak oan de westkant fan de Waach, op de Nijstêd dus. Mei plakken lykas De Waagschaal wol de gemeente it boartsjen en bewegen foar in breed publyk stimulearje.
De Waagschaal is in ferwizing nei it plak dêr't it ûntwerp komt te stean: de Waach wie eartiids it gebou dêr't merklju harren hannelsguod as bûter en tsiis weagen en ferkochten.

Boartsje en leare

"Met De Waagschaal voegen we iets bijzonders toe aan het historische hart van Leeuwarden", seit wethâlder Evert Stellingwerf.
"Dit ontwerp verbindt spelen, ontmoeten en beleven met de rijke geschiedenis van het gebied rond de Waag. Kinderen worden uitgedaagd om te bewegen en tegelijkertijd iets te leren over het verleden van de plek."
It ûntwerp fan De Waagschaal © Buro B+B
It objekt hat in diameter fan njoggen meter. As der net op boarte wurdt, is it neffens de gemeente Ljouwert ek in oantreklik nij elemint yn de stêd.

Underdiel fan werynrjochting Nijstêd

De kommende tiid wurdt it ûntwerp fan buro B+B en Dingeman Deijs Architecten fierder útwurke. It objekt wurdt ûnderdiel fan de werynrjochting fan de súdkant fan de Nijstêd.
It wurk oan dy strjite begjint yn de maitiid fan 2027. De Waagschaal wurdt yn de rin fan takom jier pleatst. De folsleine werynrjochting fan de Nijstêd moat begjin 2028 klear wêz.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.