Nijste snufkes foar fisueel beheinden presintearre: "Techniek staat niet stil"

Technyske snufkes foar minsken mei in fisuele beheining © Omrop Fryslân
Soarget AI derfoar dat minsken mei in fisuele beheining nije helpmiddels krije kinne? By in beurs op It Hearrenfean kamen de nijste snufkes foarby, dy't harren it libben wolris hiel wat makliker meitsje kinne.
Sa bestiet der tsjintwurdich in apparaatsje foar yn dyn glês dat pipet as it fol genôch sit mei drinken, en in grutte blauwe knop blykt in pratende klok dy't dy krekt fertelt hokker tiid oft it is.
De komst fan AI hat de ûntwikkeling fan de helpmiddels yn in streamfersnelling brocht, fertelt in saakkundige by in stân.
As foarbyld hellet er der in apparaatsje by dat derút sjocht as in smartphone mar yn werklikheid in tûke spraakkompjûter is. Mei it apparaatsje makkest in foto fan dyn omjouwing of scanst in QR-koade, en dêrnei fertelt it wiidweidich watst sjochst.
Dêrnei kinst spesifike ferfolchfragen stelle, lykas: 'hokker pizza's steane der op it menu?'
De organisaasje achter de beurs hjit Low Vision. It bedriuw wurket ûnder mear gear mei de Oogvereniging.
Eigener Anouk Vel leit út dat in soad minsken net witte dat al dizze helpmiddels besteane en dêrtroch dus faak ûnnedich lêst hawwe fan harren beheining.
"Zelfs vanaf het moment dat je van het ziekenhuis komt zijn de opties die worden meegegeven vaak heel beperkt."
De beurs wie yn it Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân
It is de bedoeling dat de merk mear bewustwurding kreëarret oer de mooglikheden.

Oerlevere oan podcasts

De besikers fan de beurs binne entûsjast. In frou mei ôfnimmend sicht fertelt dat se har oriïntearret op it mêd fan alles wat der hjoed-de-dei kin. "De technyk stiet net stil."
In frou hat ynteresse yn in gadget op de beurs © Omrop Fryslân
In oare besiker is op syk nei in ljochtjaande loep dêr't hy en syn frou wer mei lêze en puzelje kinne.
Hy seit dat er sûnder dizze ûntjouwingen syn hobbys net mear útoefenje kinne soe. "Ik denk dat ik dan overgeleverd zou zijn aan de podcasts."
Sels by in beurs foar minsken mei in fisuele beheining bliuwt der altyd wat te ferbetterjen: in frou dy't min sjocht jout oan dat de beurs yn it stadion wat dreech te finen wie.
Se fertelt hoe't se op de taast nei de romte kaam is en dêrtroch hast mei har fingers yn de ferve siet. "In ferbetterpuntsje foar de folgjende kearen", laket se.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.