Tieme (20) wurdt jongste wethâlder oait: “It is in hiele ear”
Mei syn 20 jier wurdt er de jongste wethâlder oait yn Nederlân. Tieme Heeringa út Damwâld is troch de FNP nei foaren skood. "In hiele eare."
Heeringa is pas koartlyn 20 jier wurden. Hy studearret rjochten en is parttime bussjauffeur by Qbuzz. Dat libben komt aanst hielendal op 'e kop te stean.
"It wethâlderskip stiet aanst mei stip op 1, dat hat prioriteit. Ik sjoch dernei út om fjouwer jier te bestjoeren."
As de foardracht neffens ferwachting trochgiet, foarmet Heeringa aanst in kolleezje mei waarnimmend boargemaster Anja Haga (49), Kees Wielstra (44), Rommy Kempenaar (40) en Tom Bakker (62).
"Dat binne twa wethâlders dy't al in soad ûnderfining hawwe en in oare wethâlder dy't al in soad ûnderfining as riedslid hat."
Dat is foar Heeringa sels wol oars. Hy rekke fjouwer jier lyn ynteressearre yn de polityk. Doe hat er in petysje opset foar in nij ûnderkommen foar it Dockinga College, út ûnfrede oer it gebrek oan aksje fan de polityk.
"It âlde gebou wie nedich oan ferfanging ta", fertelt er oer dy perioade. "Doe seach ik dat je persoanlik rap lokaal wat betsjutte kinne. Sa bin ik polityk ynteressearre rekke."
Jongerein belûke
Syn doel as wethâlder is om maklik te benaderjen te wêzen. "Elkenien is wolkom foar in bakje kofje. Wy dogge it mei-inoar yn sa'n moaie gemeente as Dantumadiel."
Yn it bysûnder docht er in oprop oan de jongerein. "Ik wol se graach belûke by de gemeente, want sy hawwe de takomst."