Sjoch hjir wêr'tst stean moatst om de Alvestêdefytsers oan te moedigjen

Oanmoedigje by de Fytsalvestêdetocht © Organisaasje Fytsalvestêdetocht
Wat is der foar taskôgers fan de Fytsalvestêdetocht te belibjen oan de rûte? Wêr is it feest, wêr kinst de fytsers it bêste sjen en wêr moatst om tinke? De rûte is 235 kilometer lang, dus alles folgje slagget net. In pear tips!
Boalsert is fansels it episintrum fan de tocht. De earsten fan de likernôch 15.000 dielnimmers geane dêr moarns betiid om fiif oere fan start. Yn totaal starte der oant acht oere 23 groepen.
It bêste plak om de fytsers yn it start- en finishplak te folgjen is oan de grêften yn it sintrum of flakby de einstreek op Plein 1455.
Sjoch hjirûnder de rûte fan de Fytsalvestêdetocht. Troch yn te zoomen sjochst de krekte strjitten dêr't de fytsters delkomme:
Wolst de kaart folslein yn byld? Klik dan hjir.
Neffens Annika Rekker fan de organisaasje is it in moai plak om te wêzen op dizze dei. "Je hebt daar de start, de doorkomst én de finish", seit sy.
Eins stiet de stêd de hiele dei op de kop en is it der smoardrok. Der is muzyk, terrassen sitte fol en der komme fansels tûzenen fytsers meardere kearen foarby.

Fytsalvestêdetocht by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân besteget de hiele dei omtinken oan de Fytsalvestêdetocht. Online is alles fan moarns betiid ôf te folgjen yn in liveblog.
It ferslach op radio en telefyzje begjint om 8.00 oere en duorret oant 20.00 oere.
Hâld der wol rekken mei dat de binnenstêd fan Boalsert op pinkstermoandei folslein ôfsletten is foar auto's. Parkeare kin oan de râne fan de stêd, bûten de rûnwei.
Dêrwei is it in pear minuten rinnen nei it parkoers.
Yn de berm parkeare is yn prinsipe ferbean yn ferbân mei de trochstream fan ferkear en fytsers. Bestjoerders dy't dat dochs dogge, rinne it risiko dat de auto fuortsleept wurdt.

De earste stêden

Fia Arum en Kimswert komme de fytsers al betiid oan yn de earste stêd: Harns. De fytsrûte is der fersierd mei flaggen en fan sân oere ôf is der live muzyk.
In pear kilometer fierderop yn Frjentsjer moatst der ek betiid by wêze. Dielnimmers kinne der stimpelje tusken kertier foar seizen en tsien oere.
De stimpelers binne ferklaaid as professoaren, in ferwizing nei it feit dat Frjentsjer eartiids in stêd mei in universiteit wie.
Fytsers by de Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân, Michel Kuiper
Holwert is in plak dêr't it tradisjoneel gesellich is, neffens de organisaasje. Fytsers krije der in stimpel, mar der is ek kofje en taart.
De muzykferienings Crescendo en De Bazuin soargje foar sfear by de rûte del.

Kearpunt Dokkum

Dokkum is de noardlikste stêd. Dêrnei moatte de fytsers in flink ein tusken iepen fjilden troch nei it suden.
It is faak drok yn de histoaryske binnenstêd. Terrassen sitte der faak fol. Foar it bêste sicht, kiest in plak op ien fan de plakken by de Djipswâl of de Syl. De fytsers ride dêr flak by de terrassen del.
Ferline jier koene besikers der noch in Word Press Photo-útstalling besjen, mar dy is der dit jier net.

Motoren yn Ljouwert

"In Leeuwarden komen meteen na de fiets ook de motoren", seit Rekker. "Dus voor de mensen die één plek willen bezoeken is dat hartstikke leuk."
Dêrnei giet it ûnder oare rjochting Wommels. Rekker: "Dat is natuurlijk een dorp met een doorkomst, maar wel een leuke plek. Er is daar veel publiek en by it Reade Hynder is het altijd wel gezellig."
Ek dit jier komt de Tocht troch de binnenstêd fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Der is in noardlike lus en in súdlike lus. Op it Broereplein yn Boalsert is dêrom tusken healwei tsienen en fiif oere in tuskenkontrôle.
De dielnimmers krije dêr sop oanbean. It is neffens Rekker ien fan de redenen wêrom't Boalsert in goed plak is om de tocht as taskôger te belibjen: "Daar tref je fietsers van zowel de noordelijke als de zuidelijke route."
De fytsers by de tuskenkontrôle en de fytsers dy't al klear binne... Alles komt yn Boalsert by elkoar.

De súdlike rûte

Yn it súdlik part fan de rûte sitte aardich wat plakken dy't wat dreger te berikken binne. "Het is wel zo ingericht dat je er kunt komen, maar op veel plekken moet je wat verder weg parkeren."
Yn Sleat is it al feest sûnder de fytsers. Om te fieren dat Sleat 600 jier stedsrjochten hat, is de stêd oanklaaid mei giele Alvestêdetochtflaggen. Tusken twa en fiif oere spilet My Old Suitcase by de stimpelpost.
Hylpen is in plak dat faak wol goed te berikken is en boppedat hast der in moai útsjoch by.
De fytsers komme troch Hylpen tusken kertier oer trijen en kertier oer tsienen. De trochkomst is fan de Iselmardyk goed te folgjen.
Op 'e fyts by de alve stêden del © Organisaasje Fytsalvestêdetocht
Wa't lang fan foarbykommende fytsers genietsje wol, kin kieze foar Warkum. It stimpelstasjon giet om healwei twaen iepen en fytsers hawwe oant kertier foar alven jûns de tiid om dêr in stimpel te heljen. Rekker: "Dus als je heel lang fietsers wilt zien, kun je daarheen."
Dy stêd is wol wat lestich te berikken. De motors komme dêr foar de fytsers trochhinne. "Dus als je voor de fietsers komt is de kans groot dat je op de heenreis tussen de motoren belandt."
Yn Aldemardum is der noch in fersoargingspost, mar it binne smelle diken nei it doarp ta. "Dus dat is toch een beetje lastig met aanrijden", seit Rekker.
"Als je kijkt naar Leeuwarden, Bolsward en Sneek met het Veemarktplein, zijn die voor het grote publiek gemakkelijker te bereiken."
De finish fan de Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De earste fytsers wurden tsjin 14.00 oere oan de finish ferwachte. Alle oaren hawwe oant middernacht de tiid om oer de einstreek te kommen.
De fytsers wurde mei muzyk ynhelle yn de binnenstêd fan Boalsert.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.