Wa wol mûnder wurde? Der is in grut ferlet yn Fryslân

Mûne De Weyert yn Makkingea © Jacomijn Meijer
Groep 6 fan OBS de Riemsloot út Appelskea hinget mei man en macht oan in tou om 25 kilo moal omheech te lûken yn nôtmûne De Weyert yn Makkingea. Mûnder Klaas Toxopeus moediget se op entûsjaste wize oan.
"Trekken, trekken!" Mei in grutte knal komt de pûde moal op 'e grûn del, de learlingen jubelje.
De kampanje om nije mûnders te finen is yn folle gong. It is in inisjatyf fan it Gild Fryske Mounders en de Stichting Fryske Mole, omdat der in tekoart oan mûnders driget yn Fryslân.
Klaas Toxopeus, mûnder en foarsitter fan it Gild Fryske Mounders © Omrop Fryslân
It idee is dat bern entûsjast reitsje oer it útstjerrende ambacht en beslute om fan mûnder harren berop te meitsjen. Dat is ek heechnedich, want de fergrizing slacht flink ta. De gemiddelde leeftiid fan in mûnder leit boppe de 60.
"De jongeren hebben heel veel andere hobby's: bierdrinken, verkering en van alles en nog wat. We willen ze graag hebben, maar ze zijn moeilijk te vinden", fertelt Toxopeus.
Dêrom is er tige wiis mei de bern dy't delkomme by de mûne. Hy hopet dat se it berop omearmje.
Klaas Toxopeus mei de learlingen op de mûne © Omrop Fryslân
In rûntsje by de learlingen biedt lykwols noch net safolle perspektyf. It entûsjasme by de rûnlieding spat derfan ôf, mar in karriêre tusken de moalsekken sjogge se net sitten.
"Ik wil liever brandweerman worden", fertelt in learling. In oar wol al frachtweinsjauffeur wurde. Ek de kapper komt foarby.
Op de fraach wêrom't net ien it dalik sitten sjocht om mûnder te wurden, komt it antwurd 'saai' meardere kearen del.

Jeugd hat de takomst

Krekt dêr sjocht Toxopeus kânsen foar jongeren: sy soenen dat stoffige imago trochbrekke kinne. "Het gevaar van een groep grijze mannen is dat het hartstikke gezellig is, maar dat ze ook in zichzelf gekeerd zijn."
De mûnder leit út dat de jeugd wól op sosjale media sit en dêr nije doelgroepen oanboarje kin om it ambacht te ferkeapjen.
Hy seit mei klam dat it in prachtich berop is en bliuwt. "Geen machine, geen motor. Puur natuur en begrijpelijke techniek die Nederland heel veel gebracht heeft."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.