Plysje siket tsjûgen fan fjochtpartij by Waterpoort Boys
De plysje is op syk nei tsjûgen fan de fjochtpartij op it terrein fan de Waterpoort Boys yn Snits fan ferline wike tongersdei. Oan minsken dy't bylden fan it ynsidint ha, wurdt oproppen om dy bylden mei de plysje te dielen.
By de fjochtpartij rekke in 42-jierrige man ferwûne.
Doe't de plysje oankaam binne de fjochtersbazen fan inoar skieden en dêrby is in koarte wapenstok en pepperspray brûkt.