Bulte stielslakken leit iepen en bleat neist rotonde yn Drachten: "Middenyn in wenwyk"

Stielslakken oan de Postlaan yn Drachten © Omrop Fryslân
By wurk oan de Postlaan yn Drachten binne stielslakken fûn. It giftige boumateriaal kaam foar it ljocht by rioelwurksumheden oan de dyk.
It wurk waard fuort stillein doe't de stielslakken fûn waarden. De gemeente Smellingerlân is op syk nei in partij dy't it guod feilich ôffiere kin.
It materiaal lei ôfrûne wike iepen en bleat neist de rotonde tusken de Lauwers en de Postlaan. Yntusken is der in stek omhinne set.

Wat binne stielslakken?

Stielslakken binne in restprodukt fan de stielyndustry, dy't yn it ferline faker brûkt waarden yn de bou. It is in griis stieneftich guod mei swiere metalen deryn, lykas groom, nikkel, barium en lead.
By kontakt mei rein- of grûnwetter kin de pH-wearde omheech gean, wêrtroch't skealike stoffen har ferspriede kinne fia wetter of boaiem.
As minsken yn kontakt komme mei stielstakken kin dat sûnensrisiko's opsmite, bygelyks yrritaasje fan eagen, noas en kiel.
"Wy kamen der ferline wike moandei by tafal achter dat der mooglik stielslakken wiene en dat dy neist de dyk opslein leine", fertelt Yntze de Vries fan Eerste Lokale Partij (ELP) yn Smellingerlân.
"Dat is middenyn in wenwyk."
Syn partij stelde dêr skriftlike fragen oer oan it kolleezje. Doe't antwurden útbleaune, naam De Vries kontakt op mei boargemaster Fred Veenstra.
"Dy is der fuort yndûkt. Hy befêstige dat de FUMO derboppe-op sit en it guod test", seit De Vries.

Soargen oer omjouwing

ELP makket him benammen soargen oer de manier wêrop't it materiaal opslein leit.
"It kin sa it grûnwetter yn rinne. As it begjint te waaien en it is moai waar, waait it sa by minsken de tún yn. En bern soene sa dy bulte op drave kinne om deryn te boartsjen."
De stielslakken lizze neist de rotonde © Omrop Fryslân
"Als we aan wegwerkzaamheden beginnen, hebben we altijd als extra aandachtspunt de fundering die in het verleden is gebruikt", seit wethâlder Maria le Roy. "Zo zijn we er hier ook tegenaan gelopen."
Neffens Le Roy moast earst fêststeld wurde oft it echt om stielslakken gie. Dêrfoar wie in rapportaazje fan de FUMO nedich.

Stoartplak

No't dúdlik is dat it materiaal ôffierd wurde moat, wurdt socht nei in geskikt stoartplak.
Om fersprieding foar te kommen binne boustekken pleatst.
"En er liggen rijplaten onder en folie, zodat het materiaal zich niet verspreidt. Het materiaal zelf is hard genoeg en zal niet uitlogen in de korte periode dat het er ligt."
Stielslakken © Omrop Fryslân
De Friese Milieu Federatie utere earder al soargen oer de skealike ynfloed fan stielslakken.
"Ofrûne jierren kaam it probleem nei foaren by in tal diken yn Fryslân, lykas de Sintrale As en de Heak om Ljouwert. Dêrfan tochten we: is dat wol behearskber?", sei Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie dêroer.
Neffens Van der Werf wurdt hieltyd faker dúdlik dat stielslakken op mear plakken yn Fryslân brûkt binne.
"Wy freegje ús no wol ôf hoe grut oft it probleem eins is, en wat de ympakt is op it miljeu."

Gjin útstel

Underhâldswurk oan bygelyks it rioel útstelle om stielslakken te mijen, is gjin opsje, seit wethâlder Le Roy.
Wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
"Altijd als er verdachte fundering wordt aangetroffen, zullen wij die toetsen, wegbrengen en niet meer uitgebruiken."
Foar omwenners hat de wethâlder in dúdlik boadskip oer de stielslakken: "Het is echt niet gevaarlijk. Mensen moeten er gewoon vanaf blijven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.