Henk Veerman pleachbist foar ôfskiednimmende materiaalman sc Hearrenfean: "Skeat altiten oer"
Catrinus Stoker is al 13 jier de materiaalman by sc Hearrenfean. Mar hy is dwaande oan syn lêste wike. Nei de play-offs sit syn perioade der definityf op. "Se freegje my hieltyd faker wat ik no dwaan sil. Dat wit ik noch net."
In gewoane wurkdei fan Catrinus Stoker (74) begjint altyd itselde: "Moarns om njoggen oere gean ik nei de klup. Dan klaai ik my om, nim ik twa stikken bôle mei. Dan pak ik de hesjes en spring ik op 'e fyts nei it trainingsfjild."
Dêrnei wurde de ballen op spanning brocht en follet hy de bidons mei wetter. "Guon spilers wolle der in snoepke yn foar de smaak. Oars kinne se de training net oan", laket er.
As de training begjint, hâldt Catrinus yn 'e gaten oft de ballen net oer de ôffreding fleane. "Reitsje de ballen yn de sleat, dan moat ik der mei de fyts hielendal omhinne fytse. Dan nim ik in stok mei en besykje ik de bal wer út it wetter te krijen."
Thús hat er in oare rol: "As materiaalman moatst it guod opromje. Mar thús rommet Aaltsje op", laket Stoker
Ik wie bliid dat Veerman fuortgie, dy grutte lange
Stoker hat in protte spilers kommen en gean sjoen. Guon makken it him makliker as oaren. "Wat dat oanbelanget, wie ik wol bliid dat Veerman (Henk red.) fuortgie, dy grutte lange. Want dy skeat de ballen altiten oer. Dêr moast ik altiten achteroan."
Mar der binne ek hiele waarme bannen ûntstien. "Ik hie mei Pawel Bochniewicz in goeie bining. Hy hat ús ek útnûge om nei Poalen te kommen om in wedstriid fan him te besjen. In hiel noflike man."
FC Utrecht - sc Hearrenfean live by Omrop Fryslân
De play-offwedstriid tusken FC Utrecht en sc Hearrenfean begjint tongersdei om 21.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
It kommentaar komt fan Roelof de Vries en Arjen de Boer.
Dêrneist hoechst online neat te missen, want op ús webside en yn de Omrop-app is der in livebloch.
"As materiaalman bist benammen tsjinjend", seit Stoker. "Ik set alles foar se klear. Spilers binne miskien in bytsje bedoarn, mar oan 'e oare kant fyn ik it moai om dat foar se te dwaan."
De ynteraksje mei de stêf en de spilers is foar him it moaiste oan it wurk. "Dan krijst it gefoel datst der echt by hearst."
No't syn pensjoen tichterby komt, wurdt der hieltyd mear oer praat. "De stêf en de spilers begjinne der hieltyd mear oer", seit Stoker. "Se freegje wat ik no dwaan sil. Dat wit ik earlik sein noch net. Earst krije wy in nije keuken en dan yn 'e hjerst mar ris op fakânsje. Dêr hawwe wy dan alle tiid foar."