Hester Jasper oerwûn pine, twivel en iensumens: "Het landen vind ik nog steeds eng"

Hester Jasper © Omrop Fryslân
Utrekkene yn Apeldoorn, it plak dêr't it ferline jier sa mis gie, stiet follybalster Hester Jasper foar har rentree yn it Nederlânsk team.
Se wie tsien moannen út de rûlaasje troch in swiere knibbelblessuere.
It libben laket Jasper ta, ferline jier oan it begjin fan de simmer. Se krijt in hieltyd wichtiger rol by Oranje, it wrâldkampioenskip letter dy simmer lonket.
Tegearre mei sus Marrit yn it Nederlânsk team spylje op in WK follybal, hoe moai is dat?
Sa fier komt it net, want op 9 july yn de Nations League-wedstriid tsjin Turkije komt Hester ferkeard del nei in sprong.
Se giet troch de knibbel hinne.
In pear dagen letter docht bliken dat se de foarste krúsbân ôfskuord hat.
Follybalster Hester Jasper yn 'e rolstoel nei har blessuere © Ronald Hoogendoorn Fotografie
In drege en iensume tiid fan revalidearjen driget. In moanne letter kin Jasper operearre wurde oan 'e knibbel.
Ik hield zelfs mijn plas in omdat ik niet naar de wc wilde, want als ik opstond deed het zo'n pijn.
Hester Jasper
In eardere meniskusoperaasje is har referinsjekader, mar dizze yngeep blykt swierder te wêzen.
"Het viel me wel echt tegen, vooral de eerste twee weken erna waren pittig. Dat had ik niet echt verwacht", jout Jasper ta.
De Snitser follybalster fergiet fan 'e pine.
"Ik hield zelfs mijn plas in omdat ik niet naar de wc wilde, want als ik opstond deed het zo'n pijn. Ik heb toen een paar nachten achter elkaar niet geslapen. Toen dacht ik: hoe ga ik ooit weer op het veld staan?"
Hester Jasper by de Volleyball Nations League ferline jier © Ronald Hoogendoorn/Nevobo
Foar har blessuere hie Jasper in nij ienjierrich kontrakt tekene by har Grykse klup AC PAOK, mar de wetjouwing dêr makket it mooglik dat de klup it kontrakt akút opsizze kin. Dat is it gefal.
Je soene sizze: in nije teloarstelling foar Jasper.
Mar efterôf is it segen.
Want it makket dat se har revalidaasje sels yndiele kin, yn oerlis mei it follybalbûn.

Gjin Grikelân, mar Turkije

De earste moannen is se yn Nederlân.
"Het was ook wel fijn om tijd door te brengen met familie en vrienden. Dat had ik een tijd niet gehad", seit de 25-jierrige follybalster.
Dêrnei reizget se ôf nei Turkije, dêr't har freon krêfttrainer is by follybalklup Galatasaray.
Dy klup wûn ôfrûne seizoen noch de CEV Cup, de ien-nei-heechste Europeeske klupkompetysje.
Jasper revalidearret dêr mei mear 'krúsbânslachtoffers', ûnder wa ek fuotballers fan Galatasaray.
It makket it refalidearjen in stik minder iensum. Yn de sporthal fan Galatasaray kin Jasper mei help fan har freon stapke foar stapke wer mear dwaan.
In oanfal fan Hester Jasper by de VNL ferline jier © Ronald Hoogendoorn/Nevobo
Nettsjinsteande dat Jasper tsien moannen lang gjin wedstriid spile, wurdt se troch de bûnscoach oproppen foar it Nederlânsk team.
Dat team spilet de kommende moannen ûnder oaren wedstriden yn de Nations League en op it EK, ein augustus.
"Ik heb deze week de eerste trainingen meegedraaid. Ik zit in de opbouwfase en het is afwachten hoe de knie reageert", leit se út.
Wat is har earste yndruk?
"Het gaat goed! Het is echt heel leuk om weer deel uit te maken van een team, dat heb ik gemist."
Hester Jasper © Ronald Hoogendoorn/Nevobo
De technyske stêf fan Oranje hâldt rekken mei wêr't Jasper wei komt. Sa stiet se dizze perioade net op har âlde plak fan passer-loper, wêryn't se in soad springe moat.
Jasper sil opsteld wurde as libero, wêrtroch se benammen ferdigenje moat.
"Daar ben ik wel blij mee. In het springen moet ik nog wel echt verbeteren. Het landen vind ik nog steeds wel eng. Elke keer als ik geland ben, denk ik: 'Oké, het is weer gelukt'."

Mentale striid

Dit wykein spilet it Nederlânsk team in oefentoernoai tsjin Oekraïne, Dútslân en Frankryk. Jasper soe dêr har rentree meitsje kinne.
"Het is een gek idee dat ik daar mijn comeback ga maken", jout se ta.
"Je denkt toch onbewust nog wel eens aan de blessure. Na een training ben ik weleens blij dat ik het weer overleefd heb. Het blijft in je hoofd spelen."
In foto út de lêste wedstriid dy't Hester Jasper spile, 9 july 2025 © ANP
As alles goed giet, hopet Jasper ek in plak te krijen yn it team dat dizze simmer yn Brazilië, Tailân en Servië Nations League-wedstriden spilet.
Se hopet derby te wêzen as Oranje ein augustus meidocht oan it EK.
"We zijn wel voorzichtig en bekijken het per week. Het EK zou wel heel vet zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.