Marrit Steenbergen swimt Nederlânsk rekôr

Marrit Steenbergen © ANP
Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat in nij Nederlânsk rekôr swommen op de 100 meter frije slach by de Mare Nostrum Tour yn Monako.
Steenbergen kaam ta in tiid fan 52,13. It foarige rekôr wie 52,26. Dat rekôr stie ek op namme fan Steenbergen. Se swom dy tiid yn 2024 by it wrâldkampioenskip yn Doha

Partoer Ljouwert wint yn Jorwert

It partoer fan Ljouwert mei Annet de Haan, Ilse Tuinenga en Marrit Zeinstra hat snein de ôfdielingspartij yn Jorwert wûn.
De Ljouwerters wienen yn de finale mei 5-1 6-2 te sterk foar Dronryp mei Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi.
Tredde plakken wienen foar Wommels mei Rens Bos, Janieke Popma en Sjanet Wijnia en it KNKB-duo besteande út Louise Krol en Rixt Wijnia.

Germ Terpstra ljept nei de winst yn Winsum

Germ Terpstra © Martin de Jong Fotografie
Germ Terpstra hat it fierljeppen yn Winsum wûn. Terpstra kaam ta in ôfstân fan 21,12 meter.
Dêrmei bleau er Jelte Folkertsma en Freark Kramer foar. Folkertsma sprong 20,40 meter. Dat wie foar him in persoanlik rekôr.
By de froulju gie de oerwinning nei Sigrid Bokma, mei 16,30 meter.
Auke Jan Jilderda wie de bêste by de junioaren mei 20,88 meter. Reinder Haanstra (19,31 meter) wûn by jonges en Else Klijn Velderman (13,10 meter) by de famkes.

Hester Jasper werom yn oranje

Hester Jasper hat foar it earst sûnt har knibbelblessuere wer follyballe foar Oranje.
Jasper die mei yn de wedstriid yn de Four Nations Cup tsjin Frankryk, dy't it Nederlânske team mei 3-1 wûn: 25-17, 25-16, 23-25 en 25-23.
Foar Hester wie dat in moaie beleanning nei in drege tiid:

ONS Snits hanthavenet him yn fjirde divyzje, nettsjinsteande ferlies

ONS Snits spilet ek takom seizoen yn de fjirde divyzje.
De Snitsers ferlearen fan 'e middei mei 4-0 fan AZSV, mar troch de resultaten op oare fjilden einiget ONS op it tolfde plak en dat betsjut streekrjochte hanthavening.
ONS Snits treft takom seizoen LAC Frisia 1883 út Ljouwert. Dy ploech waard kampioen yn de earste klasse.

Harkemase Boys slút seizoen ôf mei winst

Pim Betzema nei syn doelpunt © Orange Pictures
Harkemase Boys hat de lêste wedstriid fan it seizoen winnend ôfsletten. Op Sportpark De Bosk wûnen de Harkiten mei 4-1 fan Sportlust'46.
Troch doelpunten fan Joris Adams en Pim Betzema kaam Harkemase Boys mei 2-0 foar, mar krekt foar it skoft die Sportlust wat werom.
Nei it skoft rûnen de Boys fierder út fia treffers fan Adams en Rik de Boer.
Harkemase Boys hie foar oanfang noch in lytse kâns op it winnen fan de tredde perioade, mar troch de útslaggen op oare fjilden slagge dat net.
De Boys slute it seizoen ôf op it sande plak yn de tredde divyzje.

Keatsers Dronryp winne NK Junioaren

De Jong Nederlânpartij is wûn troch Dronryp. Op It Sjûkelân yn Frjentsjer wienen Jorrit Nanninga, Rick Minnesma en Brent Timmerman mei 5-0 6-4 te sterk foar it partoer fan Sint-Anne mei Iwan Hiddinga, Rink Sterk en Jelvin Kaper.
It tredde plak wie foar Boalsert mei Jurre Reitsma, Silvan Elzinga en Tymen Bijlsma. Dat partoer ferlear yn de heale finale fan Dronryp mei 5-3 6-0. Sint-Anne hie yn dy ronde in steand nûmer.

Darter Danny Noppert ûnderút yn Riesa

Danny Noppert is útskeakele op it WK darts © PDC
Danny Noppert is ferrassend útskeakele yn de twadde ronde fan de International Darts Open. De darter fan De Jouwer ferlear op de European Tour mei 6-5 fan Ricardo Pietreczko.
De Dútser is de nûmer 35 fan de wrâld, mar hat al wiken te krijen mei darteritus, in oandwaning wêrby't je de pylk mar dreech loslitte kinne. Dêrtroch ferlear Pietreczko de lêste njoggen wedstriden foar dit toernoai.
Hy liket dêr no fan op de wei werom, want juster wûn er al fan Maik Kuivenhoven.

Arends en Pel tsjin Frânsk duo

Sander Arends © Orange Pictures
Sander Arends en David Pel hawwe it troffen mei de lotting foar de earste ronde fan Roland Garros. It Nederlânske duo nimt it op tsjin twa singlespilers dy't mei in wildcard it toernoai yn kaam binne.
Arthur Gea en Kyrian Jacquet binne twa Frânsen dy't op de wrâldranglist yn it inkelspul op it 140e en 147e plak stean. It twatal spile net earder tegearre.
Mochten Arends en Pel de earste ronde oerlibje, soene se yn de twadde ronde tsjin it as tolfde pleatste duo Austin Krajicek en Nikola Mektic útkomme kinne.
De earste ronde fan it dûbelspul fan Roland Garros wurdt kommende wike op tiisdei, woansdei en tongersdei spile. It is noch net dúdlik wannear't de Ljouwerter en Pel yn aksje komme.

Fuotbalsters sc Hearrenfean ferlieze mei 1-3 fan Ajax

Sherida Spitse fan Ajax yn duel mei Sterre Kroezen fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
De fuotbalsters fan sc Hearrenfean hawwe yn it Abe Lenstra Stadion de lêste wedstriid fan dit seizoen mei 1-3 ferlern fan Ajax, de klup fan Friezinne Sherida Spitse. It iennichste doelpunt oan Fryske kant kaam fan Roos de Haas. Sy sette Hearrenfean yn de 38e minút op 1-0 foarsprong.
Flak foar it skoft kaam Ajax wer op likense hichte mei in treffer fan Ranneke Derks. De Amsterdammers kamen yn de twadde helte sterk werom, mei doelpunten fan Nurija van Schoonhoven en opnij Derks.
Troch de winst giet Ajax troch nei de foarronde fan de Champions League. Sportklup Hearrenfean einiget dit seizoen op it sânde plak yn de Frouljus earedivyzje.

Bandstra bliuwt dochs yn IFKS-bestjoer

Age Bandstra giet dochs noch even troch as bestjoerslid fan de IFKS. Oant en mei it kampioenskip fan dit jier (1 o/m 8 augustus) bliuwt er aktyf.
Dêrnei sil Bandstra (77) mei it bestjoer sjen nei in opfolger.
Bandstra koe him net fine yn de koers fan it IFKS-bestjoer yn de saak-Luuc Elzinga en sei earder dizze wike dat er dêrom opstapte.
No't Elzinga hjoed foar fiif jier royearre is, fynt Bandstra dat er dochs tydlik oanbliuwe kin as bestjoerslid.

Baouf yn WK-foarseleksje fan Marokko

Baouf mei de Marokkaanske flagge © Dijks Media
Cambuurspiler Ismaël Baouf makket diel út fan de Marokkaanske foarseleksje foar it WK fuotbal.
De foarriedige seleksje fan bûnscoach Mohamed Ouahbi bestiet út 28 man. De úteinlike seleksje mei út maksimaal 26 spilers bestean.
Baouf (19) hat it ôfrûne seizoen syn trochbraak belibbe yn Ljouwert. In jier lyn kaam er oer fan Anderlecht (België). By Cambuur kaam er al gau yn de skynwerpers te stean mei syn solide wedstriden yn it hert fan de ferdigening.
Baouf hat in Belgysk en in Marokkaansk paspoart. Yn septimber waard er wrâldkampioen mei Marokko ûnder 20.
Op it WK sit Marokko yn in pûl mei Brazilië, Haïty en Skotlân.

Germ Terpstra wint yn Burgum

Germ Terpstra wie de bêste yn Burgum © Martin de Jong
By de earste fierljepwedstriid fan it seizoen yn Burgum sprong Germ Terpstra fan Tsjom it fierst. Mei 20,71 meter liet er Rutger Piersma (19,35) en Bauke de Jong (18,95) efter him.
"Dit is in hiel noflik gefoel", seit de 20-jierrige Terpstra oer syn earste winst. "Ik ha de hiele winter seis dagen yn de wike oan it trainen west en it is moai dat dat no goed falt."
Foar it earst by senioaren
Terpstra wie al op jonge leeftiid in talint yn it fierljeppen, mar springt dit jier foar it earst yn de heechste leeftiidkategory (senioaren). Dochs fielt hy gjin druk.
"It hinderet net yn watfoar klasse je springe want in skâns is in skâns. Dat feroaret foar my neat."
Nocht om te begjinnen
Hanneke Westert fan Snits kaam by de froulju as bêste út de bus. Mei 16,43 meter wie se krekt wat better as Marrit van der Wal (16,35). Femke Rispens (15,11) pakte it tredde plak.
"Ik baalde al dat it begjin fan de kompetysje útsteld wie", seit Westert. De wedstriid soe eins saterdei holden wurde, mar waard doe ôfsein fanwegen min waar.
"Dus it is moai dat ik my no sjen litte kin. It jokke my suver om wer te begjinnen dus lit no de rest fan it seizoen mar komme."

"70% kans": is Rivera derby tsjin FC Utrecht?

Maxence Rivera © ANP
It is in race tsjin de klok foar Hearrenfean oanfaller Maxence Rivera om mei te dwaan yn de heale finale fan de play-offs tsjin FC Utrecht. Dy wedstriid wurdt tongersdeitejûn om 21.00 oere spile yn stadion De Galgenwaard. De lytse Frânsman hat in blessuere oan syn hamstring.
"We gaan geen onverantwoorde risico's nemen", seit trainer Robin Veldman. "We gaan donderdagochtend beslissen of we hem opnemen in de wedstrijdselectie. Ik denk dat die kans 70 procent is. Maar of hij ook speelminuten gaat maken is lastig te zeggen."

FC Utrecht op papier favoryt

De doelstelling fan Hearrenfean wie om de play-offs te heljen, mar dêrmei is it seizoen noch net slagge. De ploech fan Robin Veldman hat dit seizoen sjen litten dat it him prima mjitte kin mei ploegen dy't heger op de ranglist steane. Sa waard der tsjin Utrecht twa kear lykspile (1-1 yn it Abe Lenstra stadion en 2-2 yn de Galgewaard). Dochs is Utrecht op papier de favoryt.
"Het kapitaal van Utrecht is groter en als je kijkt naar de recente geschiedenis met Europees voetbal, dan moeten zij misschien wel winnen", seit Veldman. "Maar wij zijn niet de underdog, wij zijn de uitdagers."

Keeper Dirk Baron nei FC Emmen

Keeper Dirk Baron fan Menaam stapt dizze simmer oer fan FC Grins nei earste divyzjonist FC Emmen. Dat meldt RTV Noord.
Baron wie yn Grins de fjirde keeper en spile ien offisjele wedstriid foar de klup.
By Emmen sykje se nije keepers no't Koen Bucker fuort giet en der belangstelling is foar de earste keeper Luca Unbehaun.

Sander Arends yn twa sets ûnderút yn Genève

Sander Arends en David Pel binne yn de kwartfinale fan it ATP-250-toernooi fan Genève yn de heale finale útskeakele.
Tsjin Adam Pavlasek en Patrik Rikl waard it twa kear 6-2.

LWD Basket útskeakele yn play-offs

Mei in moaie stunt sleepte LWD Basket noch in beslissingswedstriid út it fjoer, mar de Ljouwerters binne no echt klear. ZZ Leiden wie yn eigen hûs mei 107-86 te sterk.
Dat betsjut dat Leiden dizze best-of-three mei 2-1 wint en trochgiet nei de heale finale fan de play-offs om de lânstitel. Foar LWD Basket betsjut it ferlies in ein oan fiif jier yn de BNXT League.

Arends wint yn achtste finale ATP-250-toernoai

Tennisser Sander Arends hat him pleatst foar de kwartfinale fan it ATP-250-toernoai fan Genève.
Tegearre mei syn maat David Pel wûnen se nei in supertiebreak fan Ariel Behar út Oerûguay en Mate Pavic út Kroäsië.
Arends en Pel wûnen de earste set mei 6-2, mar de twadde set waard mei 6-4 ferlern. Yn de supertiebreak wienen Arends en Pel de sterkste: 6-10.
Yn de kwartfinale treft Arends in Tsjechysk duo: Adam Pavlasek en Patrik Rikl.

LWD Basket twingt beslissingsduel ôf

LWD Basket hat it avontuer yn de BNXT League mei minstens ien wedstriid ferlinge. De Ljouwerters wûnen thús nei ferlinging mei 94-85 fan ZZ Leiden en twinge in beslissende tredde wedstriid ôf yn de kwartfinale fan de play-offs.
Tiisdei is yn Leiden dy beslissende wedstriid. De winner fan dat duel spilet yn de heale finale tsjin Donar.

Hearrenfeanassistint wurdt haadtrainer fan Telstar

Henk Brugge © Orange Pictures
Assistint-trainer Henk Brugge fan sc Hearrenfean hat in nije baan. Hy wurdt takom seizoen haadtrainer fan Telstar.
By Telstar, dat him snein hanthavene yn de earedivyzje, wurdt Brugge (48) de opfolger fan Anthony Correia, dy't nei FC Utrecht ta giet.
Trije wedstriden ynterim-haadtrainer
Henk Brugge wurke sûnt it seizoen 2023/2024 by sc Hearrenfean. Hy wie de ôfrûne jierren de assistint fan Kees van Wonderen, Robin van Persie en Robin Veldman.
Doe't Van Persie yn febrewaris 2025 de oerstap makke nei Feyenoord, wie Brugge trije wedstriden lang ynterim-haadtrainer fan Hearrenfean. Nei de beneaming fan Robin Veldman as haadtrainer waard Brugge wer assistint.
"Ik wil de club bedanken voor deze prachtige periode", seit Brugge op de webside fan Hearrenfean. "Er waren veel mooie momenten, in het bijzonder de drie wedstrijden waarin ik als interim aan het roer heb mogen staan. Daarvoor wil ik de club en de fans speciaal bedanken voor de steun die ik toen heb ervaren. Daar word ik tot op de dag van vandaag nog aan herinnerd."
"Ik heb nu gekozen voor een nieuwe stap in mijn carrière, maar ik zal de band die ik met iedereen rondom de club heb opgebouwd en de mooie momenten in Friesland altijd blijven koesteren."

It follybalbûn jout gjin rêst, dus docht Marrit Jasper it sels

Marrit Jasper © Volleyball World
Marrit Jasper spilet dizze simmer yn prinsipe gjin wedstriden foar it Nederlânske follybalteam. Se woe it twadde diel fan de follybalsimmer ynstreame by Oranje, mar de technyske stêf set allinnich spylsters yn dy't de hiele simmer beskikber binne.
De Nederlânske follybalfroulju spylje yn juny en july om de Volleyball Nations League. Ein augustus is dan it EK follybal. Mar Jasper slacht beide toernoaien dus oer, al is se by needgefallen wol beskikber foar de bûnscoach.
De Snitser follybalster kiest derfoar om rêst te nimmen. Jasper en har freon hawwe krekt in hûs kocht en dêr wol se tiid oan besteegje. Boppedat wol se tiid meitsje foar har famylje, want troch it seizoen hinne mei har Poalske klup hat se dêr ek kwealik tiid foar.
Nei it seizoen by de klup moatte de follybalsters har gelyk wer melde by Oranje. "Zo gaat dat al acht, negen jaar. De FIVB (it ynternasjonaal follybalbûn, red.) stelt dat niet in, dus moet je zelf af en toe eens rust nemen", seit Jasper.

Goeiemiddei

Wolkom yn it sportbloch fan dizze wike. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.