Joko (78) moat nei 40 jier ôfskied nimme fan basketbal yn Ljouwert: "Aanst is der neat mear"

Joko Edens © Omrop Fryslân
Joko Edens (78) belibbet emosjonele wiken by LWD Basket. Hy komt al mear as 40 jier by it Ljouwerter basketbal, mar de basketbalklup hâldt - yn alle gefallen tydlik - op.
"Aanst is der neat mear en dat docht sear", seit Edens, wannear't er foar ien fan de lêste kearen plaknimt yn 'e seal fan sporthal Kalverdijkje. "Basketbal fielt yntusken as in part fan myn libben."
It binne nuvere wiken foar de supporters fan it basketbal yn Ljouwert. Se binne noch yn 'e race foar it lânskampioenskip en op de planning stiet in treffen yn 'e kwartfinale tsjin ZZ Leiden.
Mar ek al wurde se kampioen, LWD Basket hat him net ynskreaun foar takom seizoen. Nei mear as 40 jier sil der takom jier gjin bal mear stuiterje yn de hal.
De klap wie grut foar de freonegroep fan Edens doe't se te hearren krigen dat LWD Basket út de BNXT League stapt, in kompetysje mei Nederlânske en Belgyske teams. De Ljouwerters kinne it finansjeel net mear bolwurkje troch oprinnende kosten en it gebrek oan sponsoaren.
"We fiele ús ek yn de steek litten troch de polityk. De lokale oerheden hawwe ús sitte litten. Sy hawwe yn it ferline fan alles tasein kwa jild, mar no way. Der kaam neat fan terjochte."
It basketbal yn Ljouwert kampte earder mei finansjele problemen. Yn 2023 gie foarrinner Aris nei tweintich jier fallyt en kaam der mei LWD Basket in nije klup.
Joko Edens © Omrop Fryslân
Net allinnich by Edens docht it sear dat de klup ophâldt mei basketbal. Spiler Reinder Brandsma (26) hat hast syn libben lang by de Ljouwerts sitten.
"As jonkje fan sân kaam ik hjir en wie ik fuortendaliks fereale op it basketbal. Dus it is foar my wol in hiel apart en in nuver gefoel."
Trainer Vincent van Sliedregt falt syn pupil by en fernimt dat hy mei mingde gefoelens troch de hal rint de lêste wiken. Yn 2021 kaam Van Sliedregt nei Aris om lieding te jaan. Hy ferhuze mei syn famylje nei Burdaard en fermakket him goed yn Fryslân.

LWD Basket wurket oan trochstart

Yn it nije seizoen is der gjin basketbal yn Ljouwert, mar LWD Basket wurket mei oare klups oan in trochstart.
Meardere teams binne út de saneamde BNXT League stapt, mar wolle no in eigen Nederlânske kompetysje oprjochtsje. In soarte fan earedivyzje.
Dy kompetysje is der no dus (noch) net, mar soe takom jier úteinsette moatte. Al is noch net wis oft dat slagget en dus stuiteret der foarearst noch gjin bal yn Ljouwert.
"We hebben hier echt wortel geschoten en een binding met het dorp gekregen. De mensen hebben ons fantastisch ontvangen en dus hadden we graag een leven lang hier gezeten."
Yntusken is hy de langstsittende coach út de skiednis fan de Ljouwerter basketbalklup. Hy ferfolget syn karriêre yn Dútslân.
Brandsma hopet ek op in stap nei it bûtenlân. Hy hat syn agint oan it wurk set om in moaie klup te sykjen. Dêrnjonken wol hy earst it rinnende seizoen goed ôfslute mei LWD Basket.
LWD Basket yn drokkere en bettere tiden: 2025, heale finale om de Nederlânske titel © Dijks Media
Dêrfoar moat de klup winne fan ZZ Leiden. Dat liket in ûnmooglike opdracht, want Leiden wûn de earste wedstriid mei oermacht. Ferlieze fan Leiden en it is klear mei de titelkânsen.
Dus tinke de supporters allegearre dat sy by de lêste wedstriid fan LWD binne. Mar neat is minder wier. As in mearke prestearje de Ljouwerter basketballers it ûnmooglike en winne se fan Leiden (94-85).
Der komt in tredde en beslissende wedstriid om te bepalen wa't nei de heale finale mei. Brandsma sjocht breed laitsjend de seal yn wylst hy hantekeningen útdielt oan de lytse fans.
Sam Maillet fan LWD Basket (mei bal) yn aksje tsjin ZZ Leiden © Dijks Media
"It is klear, mar it is eins noch net klear en dat wolle we hiel lang sa rekke."
Ek foar Edens moatte de fotoboeken mei oantinkens noch efkes yn de kast bliuwe, want de tiid fan weromsjen is noch net oanbrutsen.
"It liket derop dat myn ôfskiedstoernee dochs noch efkes útsteld is", laket Edens as hy mei syn freonen de hal wer útrint. "Mar hoe't ek komt, it sil der in kear fan komme. Dêr moatte wy ús op tariede."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.