Jacob Trenskow spiler fan it jier yn de earedivzyje? "It is in flinke skouderklop"
Hy waard dizze wike nominearre foar spiler fan it seizoen yn de earedivyzje: Hearrenfeanspiler Jacob Trenskow. Dêr waard er sels nochal troch ferrast.
Tegearre mei Tjaronn Chery (NEC), Mika Godts (Ajax), Ismael Saibari (PSV) en Joey Veerman (PSV) komt Trenskow yn oanmerking foar de priis fan bêste spiler fan it ôfrûne seizoen.
"Om earlik te wêzen: ja, ik wie wol ferrast." Sa fertelt Trenskow as er de felisitaasjes krijt foar de nominaasje. "De coach belle my. It is in moaie ferrassing. In flinke skouderklop foar my. Hiel moai."
Goede sifers dit seizoen
Trenskow spile dit seizoen hast alle wedstriden. Ien kear wie er siik. Hy makke 12 goals yn de earedivyzje en 3 yn de beker. En hy joech fiif assists.
Ferline jier kaam Trenskow net fierder as 6 goals en 3 assists yn 26 wedstriden. Noch noait helle de 25-jierrige Deen sokke goede sifers as dit jier. Ek net doe't er fuotballe yn Denemarken, Sweden en op de Faeröer Eilannen.
"Ik ha wol echt grutte stappen setten. Dizze trainer spilet ek oars mei my. Myn kwaliteiten lizze wat mear tusken de linys, mear as in nûmer 10. Ik bin net in spiler dy't echt allinnich oan de sydline spylje wol."
In soad minsken binne miskien ferrast troch de positive ûntwikkeling fan Trenskow. Is er dat sels ek?
"Ik tink net dat ik echt ferrast bin. Ik ha fertrouwen yn mysels. Mar ik tink dat it ferskil mei ferline seizoen is, dat ik mear oanwêzich bin. Ik wie ferline jier net altyd echt oanwêzich yn de wedstriid. Ik bin no sichtberder. Ferline jier wiene der echt wedstriden by dat ik ûnsichtber en ûngelokkich wie."
Mei sokke goede sifers en de nominaasje foar bêste spiler fan de earedivyzje is it logysk as der ynteresse komt fan oare klups.
"Wolst fansels op it heechste nivo spylje", seit Trenskow mei in laits. "Dat is miskien in saai antwurd, mar ik wit net oft der no wat spilet."
De Deen fielt dat hy no ien fan de dragende spilers is fan Hearrenfean. Mar, sa fynt er sels, dêr heart ek wat ferantwurdlikheid by.
"Mei de goals en de assists fiel ik wol dat ik no in belangrike spiler bin. Ik bin net ien dy't in soad it wurd nimt. Mar dat is wol iets wêr't ik oan wurkje moat. As it mei it team net sa goed giet, moat ik opstean en my hearre litte. Dat moat ik ûntwikkelje."
Hearrenfean liket in wike lyn noch mei in goed gefoel rjochting de play-offs foar Europeesk fuotbal te gean. Oant de wedstriid tsjin NAC Breda. Hearrenfean ferlear nei in minne wedstriid mei 2-0.
"Wy gongen der nei ta mei it gefoel dat we winne koene en de wedstriid kontrolearje soene. Mar it waard hiel oars. Sy makken der in echte knokwedstriid fan. Dat diene wy hielendal net goed."
Mei fertrouwen de play-offs yn
Nettsjinsteande de teloarstellende wedstriid yn Breda is der noch wol sprake fan in goed gefoel rjochting de play-offs.
"We ha der fertrouwen yn, omdat we twa kear goed spile ha tsjin Utrecht. We ha twa kear lykspile, mar we hiene twa kear winne moatten. Utrecht sil fertrouwen ha nei de oerwinning tsjin Ajax. Mar dat fertrouwen ha wy ek."
Hearrenfean-Ajax live by Omrop Fryslân
Snein om 14.30 oer is de wedstriid Hearrenfean-Ajax live te folgjen by op Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
De wedstriid is ek te folgjen fia in livebloch op de webside en yn de app.