Hanna jout bern yn it sikehûs ôflieding mei har tekeningen

Bern even ferjitte litte wêr't se foar yn it sikehûs binne. Dat is de bedoeling fan Hanna Terpstra. Se komt foar de stifting 'Tekenen voor kinderen' del by jonge pasjinten en biedt mei har tekeningen efkes wat ôflieding.
Hjoed is Hanna op besite by Bram fan 16 dy 't MS hat. Hy is foar syn 6-wyklikse medisine-ynfús yn it Frisius MC yn Ljouwert is. Tegearre bepale se dat Hanna in portret fan Bram meitsje sil.
Tagelyk ha se in ûntspannen petear oer alderhande deistige dingen, en krekt net oer sikehûssaken. Sa giet de tiid foar Bram wat gauer om.

Bern bepale de tekening

De bern ha de rezjy en kieze wat Hanna tekenje sil. Dat is mei in bedoeling, want se moatte al safolle yn it sikehûs. By it tekenjen kinne se sizze wat se sels wolle.
By de wat jongere pasjintsjes makket Hanna ek wolris in kleurplaat dy 't de bern dan ynkleurje kinne.
Yntusken is it portret fan Bram klear, it is goed slagge. "Hy liket echt wol", is Brams konklúzje. "Ik doch it dy net nei!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.