Fergunning sinnepark Skûlenboarch is jildich, mar diskusje noch net foarby
De wetterfergunning fan Sinnepark Skûlenboarch bliuwt fan krêft. De rjochter oardielde dat in omwenner gjin belanghawwer is yn 'e kwestje en dêrmei waard de klacht fan tafel fage.
Begjin maaie tsjinne de saak yn de rjochtbank fan Grins mei de fraach oft it wurk oan it sinnepark begjinne mocht op basis fan de wetterfergunning dy't ôfjûn wie.
Dy wetterfergunning waard op 19 desimber 2023 ôfjûn troch it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Yn de fergunning stie dat it wurk úterlik achtjin moannen dêrnei begjinne moast. Wêrom dat yn deryn stie, is net dúdlik.
Beslút fan Wetterskip ferneatige
In oare brief dy't yn desimber 2025 ferstjoerd waard, moat wol sjoen wurde as in beslut.
Yn dy brief waard de oarspronklike fergunning oanpast troch in eindatum fêst te stellen. It sinnepark moat op 19 july 2027 klear wêze.
Tsjin dy brief waard beswier makke en dat waard ûntfanklik ferklearre troch it Wetterskip. Dat wie neffens de rjochter net goed. It beslut fan it Wetterskip is ferneatige, mar de rjochtsgefolgen bliuwe yn stân.
Wat is der oan 'e hân mei Sinnepark Skûlenboarch?
Oer it sinnepark by Skûlenboarch hat in soad gedoch west de ôfrûne moannen. Der rinne ferskate juridyske prosedueres en der is ûndúdlikheid oer de ekologyske gefolgen.
It sinnepark is in gearwurking tusken enerzjykoöperaasje Enerzjyk Skûlenboarch, de gemeente Tytsjerksteradiel en it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE).
It park moat sa'n 46 megawatt duorsume stroom opsmite en is dêrmei de grutste fan Nederlân. De gemeente Tytsjerksteradiel ynvestearret foar 6,9 miljoen euro yn it projekt.
Dat komt omdat de omwenner dy't de saak oanspande gjin belanghawwer is yn de kwestje.
De frou wennet op sa'n 600 meter fan it sinnepark, hat der gjin sicht op en hat gjin 'rechtstreeks onderscheidend belang'. It argumint dat it wetter by it sinnepark lâns lânbougrûn streamt wêr't skiep rinne, is neffens de rjochtbank net fan belang.
Dêrmei is it fersyk om it wurk stil te lizzen ôfwiisd troch de rjochter.
Diskusje oer natuertoets
Dochs is de diskusje oer de oanlis fan it sinnepark noch net foarby.
De provinsje Fryslân gie earder dizze moanne akkoart mei in nije natuertoets fan Zonnepark Skûlenboarch, mar Stichting Natuurwet hat dêr fraachtekens by setten.
Neffens de stichting is de lêst ûnder twangsom noch altyd fan krêft en hie de provinsje net beslute mochten oer it trochsetten fan it wurk oan it sinnepark.
It wurk - dat healweis april stil kaam te lizzen - is earder dizze wike wer begûn, skriuwt RTV NOF.