"Het was voor ons de mooiste tijd van het jaar": fjoerwurkferkeapers sitte yn in spagaat
"De kompensaasjeregeling foar fjoerwurkferkeapers is fierstente meager." Ronald Kuipers hat tsien jier lang fjoerwurk ferkocht yn Marrum en ynvestearre yn in nije bunker. Foar him is it in finansjeel drama.
It kabinet lûkt yn totaal hûndert miljoen euro út om ûndernimmers yn 'e fjoerwurksektor te kompensearjen, as it ferbod fan de kommende âldjiersnacht ôf yngiet. Dit waard oankundige troch steatssekretaris Bertram fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Te min
"It is sawiesa net genôch. Ik ha tweintichtûzen euro ynvestearre yn in nije bunker en dit jier ek al trijetûzen euro oan ynspeksje en ûnderhâld. It slacht hielendal nergens op", seit Kuipers.
Ferline jier stelde de fjoerwurkyndustry dat der 895 miljoen euro oan 'e kant set wurde moast foar kompensaasje. Dat bedrach is flink heger as wat it kabinet no foarstelt.
Neffens Kuipers is earder tsjin de ferkeapers sein dat se yn alle gefallen oant 2034 fjoerwurk ferkeapje koene. Dat joech him it fertrouwen om te ynvestearjen yn in nije opslachbunker.
Ek Teake Brouwer fan Vuurwerkgigant Franeker is fernuvere. "Dit is sawiesa te min. Alle kosten geane op dit stuit gewoan troch. Ik moast op 1 jannewaris de fersekering opnij ôfslute. Dat is mear as achttûzen euro."
Unearlik
Hoe heech de kompensaasje krekt wurdt, dêr is noch gjin dúdlikheid oer. Wat wol wis is, is dat de ferkeapers kompensearre wurde foar ien jierwiksel, wylst ymporteurs trije jier fergoede krije.
Fjoerwurkhannelers dogge dit faak net as haadaktiviteit, mar as sekundêre aktiviteit, sa stelt it kabinet.
Wat hâldt it fjoerwurkferbod yn?
Yn Nederlân mei op dit stuit allinnich fjoerwurk út kategory F1 ferkocht wurde: stjerkes en knallende earten. Organisearre groepen lykas klups en buertferienings meie noch altyd F2-fjoerwurk ôfstekke, ûnder strange betingsten en mei tastimming fan de boargemaster.
Mei it ynstellen fan it fjoerwurkferbod komme ek trije betingsten. Neist kompensaasje foar de fjoerwurkyndustry moat der in effektyf hanthaveningsplan komme en in hurde oanpak fan yllegaal fjoerwurk. Dizze betingsten binne noch net definityf.
Kuipers is eigener fan in agraryske winkel, mar it ferkeapjen fan fjoerwurk soarge foar in grut part fan de omset. Dêrom begrypt hy de kar fan de polityk net.
"De ymporteurs ferkeapje likegoed noch oan Dútslân en België. Dat diene se ek al. Ik begryp it net."
Bunkers sloopt
Elke fjoerwurkferkeaper giet oars om mei it ferbod. Sa is Fokke Rosier fan Vuurwerk Sneek al ophâlden mei syn beide saken en syn fjoerwurkbunkers binne al sloopt. Dat wylst sawol Brouwer en Kuipers harren gebou en de bunker noch ha.
"Der moat earst in definityf antwurd komme en dan pas kinne wy alles ôfslute", neffens Brouwer.
"Dat kin net earder as wannear't wy in brief op 'e matte ha en dy hawwe wy noch net." En de foarried? Dy hat Brouwer net mear. "Dat hawwe wy ferline âld en nij allegear sels opmakke. Dat wie noch wol in moai feestje."
Takomst
Neist it finansjele aspekt hat it ferkeapjen fan fjoerwurk neffens Kuipers ek in emosjonele lading.
"Ik doe dit samen met mijn vrouw. Mijn schoonvader, zoon en dochter komen ook altijd helpen. We deden dit altijd met de familie. Dit was voor ons de mooiste tijd van het jaar."
Wat hy no dwaan sil, wit Kuipers noch net.