LWD Basket wurket oan trochstart mei tank oan Ljouwerter iishockeyklup: "Zij hebben onze ogen geopend"

De spilers fan LWD Basket © Dijks Media
Der is dochs wer takomst foar topbasketbal yn Fryslân. Oardel moanne lyn makke it bestjoer fan LWD Basket bekend nei dit seizoen op te hâlden yn de BNXT League, mar der wurdt wurke oan in alternatyf. Mei tank oan de ynspiraasje fan iishockeyklup OG Capitals.
LWD Basket hopet nammentlik yn te streamen yn in noch op te rjochtsjen earedivyzje, dy't de wurktitel 'Men's Basketball League' draacht. Dy kompetysje is der no dus net, mar soe takom jier útein sette moatte.

Wêrom stapt LWD Basket út de BNXT League?

Om meidwaan te kinnen oan de BNXT League, moatst as basketbalklup oan easken foldwaan. Foarbylden dêrfan binne in begrutting fan minimaal 450.000 euro en in 'manager' op de leanlist hawwe.
LWD Basket soe noch wol oan dy easken foldwaan kinne, mar hat oan 450.000 euro net genôch. De kosten foar de húsfêsting fan spilers binne nammentlik oer de kop gien.
Boppedat sjocht LWD Basket dat it dreech is om nije sponsoaren te finen, om't dy earder kieze foar bygelyks SC Cambuur.
"Je hebt weer een nieuwe stip op de horizon", seit Gert Schurer oer de Men's Basketball League. Hy is bestjoerslid en ien fan de mei-oprjochters fan LWD Basket.
Bestjoerslid Gert Schurer © Omrop Fryslân
Neist LWD Basket hâlde der mei Weert en Den Helder noch twa Nederlânske klups op yn de BNXT League. Dy trije klups soene yn alle gefallen meidwaan wolle oan de nije kompetysje.
Dêrneist binne der neffens it basketbalbûn meardere klups, ek fan in leger nivo, dy't tatrede wolle ta de nije Basketball League.

Hoe is it Nederlânske basketbal ynrjochte?

De struktuer fan it Nederlânske basketbal is no sa ynrjochte dat nei de BNXT League de promoasjedivyzje de folgjende kompetysje is. Dat is lykwols gjin profesjonele kompetysje, mar eins it heechste amateurnivo.
Om dêr in kompetysje tusken te krijen, is basketbalbûn NBB koartlyn begûn mei in ûndersyk. Neffens it bûn sit it op dit stuit yn de 'verkennings- en ontwikkelfase van die nieuwe competitie'.
Konsekwinsje is wol dat der takom seizoen gjin topbasketbal yn Fryslân wêze sil. Mar dat jier sil troch Schurer en syn kompanen yn it bestjoer brûkt wurde om de klup klear te meitsjen foar de Basketball League.
"We moeten kwartier maken, dat ben je verplicht", seit Schurer dêroer. "We hebben een soort legacy naar de stad toe. Als het achterblijft in de Basketball League, dan kunnen we het loslaten."
Ik vind het ook wel eens lekker om een seizoenkaart te kopen en op de tribune te gaan zitten.
Gert Schurer
It is de bedoeling dat der dan in nij bestjoer komt en dat Schurer mei Johan Meijer en Paul de Jong, manlju dy't al mear as 25 jier belutsen binne by topbasketbal yn Fryslân, dan in stap werom dogge.
"Ik vind het ook wel eens lekker om een seizoenkaart te kopen en op de tribune te gaan zitten", laket Schurer.
De karrelûkers fan earst Aris en dêrnei LWD Basket: Gert Schurer, Johan Meijer en Paul de Jong © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
Opfallend is dat Schurer-en-dy beynfloede binne troch de iishockeyklup yn Ljouwert. De Capitals spylje ek yn in earedivyzje, wylst der ek in ynternasjonale kompetysje is mei Belgyske, Dútske en Nederlânske klups.
"Ik moet de Capitals de credits geven, zij hebben onze ogen wel geopend", seit Schurer oer de sfear yn de Alvestêdehal.
"We hebben echt met open mond zitten te kijken. Zo van: zo kan het ook, zo'n entourage op een lager niveau. Duizend mensen die bier drinken en tegen de boarding aan slaan, terwijl er maar 200 stoeltjes zijn. En geen echte businessclub. Daar hebben we van geleerd."
De OG Capitals binne in ynspiraasjeboarne foar de basketballers © Dijks Media
De besite oan de Alvestêdehal leart Schurer dat, ek as LWD Basket in nivo leger spilet yn in Nederlânske kompetysje, der net folle hoecht te feroarjen.
"Dan komt er volgens mij net zoveel publiek als nu. We hebben al sponsoren die mee willen, spelers die willen wachten. Dan kun je met veel minder uit dan vijf, zes ton. Dat is wel weer een leuke uitdaging."

Ofskiedstoernee

Mar earst noch it oansteande ôfskied, want LWD Basket sil kommend seizoen dus net aktyf wêze. It jout Schurer nei eigen sizzen in dûbeld gefoel.
"Als je weemoedig bent, ben je bezig met dingen opzeggen. Als je er zin in hebt, kijk je hoe we Leiden gaan verslaan. Dat is het tweeledige."
Freed begjinne de play-offs om de Nederlânske titel. LWD Basket spilet yn de kwartfinale tsjin ZZ Leiden, dat op papier de favoryt is. In best-of-three sil de heale finalist bepale moatte.
In wike lyn spile LWD Basket ek al tsjin ZZ Leiden, doe noch yn de reguliere kompetysje © Dijks Media
Leiden hat it thúsfoardiel, dus begjint freedtejûn yn eigen hûs tsjin LWD Basket. Moandei is it twadde duel yn it Kealledykje. In eventueel tredde potsje is tiisdei dan wer yn Leiden.
It BNXT League-tiidrek sit der yn alle gefallen op. "Het spelletje gaan we missen, maar alle rompslomp er omheen niet", laket Schurer.
"BNXT had heel veel regeltjes. Ik zeg wel eens: als het broodje van de scheidsrechter na afloop te klein was, kregen we op maandag een mailtje met een klacht. Of als de deur van de kleedkamer van de scheidsrechters een minuut te laat open was. Ik ben ook wel blij als we daar vanaf zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.