Hearrenfean krijt olympysk doarp as reedrydtoernoai echt nei Thialf komt

Apparteminten fan Nederlânske sporters yn it olympysk doarp fan Milaan © ANP
Hearrenfean krijt in echt olympysk doarp, as yndie besletten wurdt om it reedriden fan de Olympyske Spelen fan 2030 yn Thialf te hâlden.
Dat is oars as by wrâldkampioenskippen en Europeeske kampioenskippen dy't yn it Feanster iisstadion holden wurde.
"Dan zitten de sporters vaak in hotels in de omgeving", seit wethâlder Sybrig Sijtsma fan Hearrenfean. "Nu komt er een echt olympisch dorp."
Wethâlder Sybrig Sijtsma fan Hearrenfean © Omrop Fryslân
Wêr't dat krekt komme moat, wol se noch net sizze. "Het thema van ons bid is duurzaamheid, dan kan het olympisch dorp niet achterblijven. We gaan dus in elk geval niet iets bouwen om daarna weer te slopen."

Spelen yn Thialf?

De kâns dat Thialf it plak wurdt foar it olympyske reedriden yn 2030, is sûnt moandei in stik grutter wurden. De Spelen binne dat jier yn de Frânske Alpen, mar yn hiel Frankryk is der gjin geskikte iisbaan.
De Frânske organisaasje sjocht dêrom nei in lokaasje yn it bûtenlân. Op dit stuit jout de organisaasje dêrby de foarkar oan Thialf.
Sijtsma sjocht al út nei de "wereldwijde spotlights" dy't op Hearrenfean skine sille, as it olympyske reedriden echt nei Thialf komt. "Heerenveen wordt dan een grote feeststad."
"En niet alleen Heerenveen is erbij betrokken, maar heel Fryslân. Gasten zullen in de hele provincie overnachten. Dat zou een opsteker zijn voor zowel ons sportklimaat als onze economie."

"Understreket de wrâldklasse fan Thialf"

Deputearre Abel Kooistra fan de provinsje Fryslân slút him dêrby oan. "Wy sjogge dit trajekt as in unike kâns om Thialf en Fryslân ynternasjonaal noch mear op de kaart te setten."
Hy is tige grutsk dat Thialf no sa dúdlik yn byld is foar it olympyske reedriden. "Dat Frankryk ynteressearre is om it hjir te organisearjen, ûnderstreket de wrâldklasse fan Thialf en de djip bewoartele reedrydtradysje fan Fryslân."

Slach om 'e earm

Sijtsma sjocht dat ek sa, mar se is noch net hielendal wis fan har saak. "We moeten nog veel knopen doorhakken. De kans is best groot dat de Spelen hier uiteindelijk gaan komen, maar we houden nog een slag om de arm."
As it yndie trochgiet, wurde Hearrenfean en Fryslân in 'host city'.
"Dat betekent heel veel organisatiewerk, maar ook kansen aangrijpen om allerlei evenementen te organiseren. Daarmee willen we de olympische gedachte uitdragen, en mensen stimuleren om te bewegen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.