Ut in spesjaal briedsintrum wei komt ynkoarten in bulte skriezepiken nei Fryslân ta
Der krûpe dizze dagen sa'n 160 skriezepiken út harren aai yn briedmasines yn Avifauna yn Alphen aan den Rijn. Dy aaien komme út Fryslân en de piken komme hjir ek wer werom. It makket ûndersyk nei it oerlibjen fan piken mooglik.
De aaien binne yn Fryslân sammele troch fûgelwachters fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) op plakken dêr't de kâns op briedsukses lyts is.
It bliuwt trouwens net by dizze suver wat nuvere start fan harren skriezelibben. De folgjende stap foar dizze skriezen-om-utens is in foliêre dêr't se lykas yn it wyld yn op syk moatte nei fretten.
Werom nei Fryslân
Sa'n fyftich piken hawwe woansdei dizze stap makke. En dat sil ek wol efkes sa trochgean; eltse dei komme wer nije piken út it aai, sa meldt Avifauna.
Foar dizze grutskalige ynset fan briedmasines wurket Avifauna gear mei Diergaarde Blijdorp en AquaZoo.
Uteinlik komme de fûgels allegearre wer nei Fryslân ta, dêr't se hiel wichtich wêze kinne foar it behâld fan de skries as Nederlânske greidefûgel. Sy binne nammentlik ûnderdiel fan in fiifjierrich ûndersyk nei it oerlibjen fan skriezepiken.
Ferbân tusken fretten en predaasje
Tweintich jier lang fjildûndersyk yn Súdwest-Fryslân troch it Grutto Landschap Project makket dúdlik dat de beskikberens fan fretten en de oanwêzichheid fan predaasje in soad ynfloed hawwe op de oerlibbingskânsen fan dy piken.
De kâns dat in pyk opfretten wurdt, nimt fansels ta as dy hieltyd yn beweging wêze moat om mar oan foldwaande fretten te kommen en him minder ferskûlje kin.
Mar om út te finen hoe't dat krekt sit, is mei dizze 160 aaien in ferfolchûndersyk úteinset troch fûgelûndersikers fan it Ljouwerter ûndersykssintrum Birdeyes.
Dat binne foar in wichtich part deselde minsken as dy fan it eardere Grutto Landschap Project.
Ferskate inisjativen
Birdeyes docht dit ûndersyk yn 'e mande mei de Rijksuniversiteit Groningen, de Universiteit van Amsterdam, Bureau Altenburg & Wymenga Ecologisch Onderzoek en it BFVW. It is in inisjatyf fan en wurdt betelle troch it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer.
Foar de ûndersikers is it wichtich om hiel goed sicht te hawwen op wat en hoe't piken frette. Dat is yn it wyld hiel dreech. Dus wurde de piken yn Fryslân yn spesjale greiden loslitten, dêr't de ynsektestân fan yn kaart brocht is.
Stekken en tafersjoch moatte predaasje foarkomme. Dêrnei wurde de skriezepiken frijlitten mei in stjoerder.