Thialfdirekteur út 'e skroeven no't Olympyske Spelen op It Hearrenfean hiel tichteby binne: "Hannen giene de loft yn"

Minne Dolstra fan Thialf © Orange Pictures
"De hannen giene wol efkes omheech. En ik ha ek wol efkes jûge. We binne der noch net, mar we binne hiel bliid dat we no op foarsprong stean."
Dat seit Minne Dolstra, de direkteur fan iisstadion Thialf, no't bekend is dat de organisaasje fan de Olympyske Spelen fan 2030 de kommende wiken mei Nederlân ûnderhannelje sil oer it olympysk reedrydtoernoai yn Thialf.
"Dat Thialf de foarkar krijt fan de Frânsen, dêr binne we fansels tige wiis mei."

Gjin Frânske baan

De organisatoaren fan de Spelen yn 2030, dy't oan de Frânske Alpen tawiisd binne, sykje nei in akkommodaasje foar it olympyske langebaanriden. De Frânsen hawwe gjin geskikte hal en binne net fan doel om ien te bouwen.
Marijke Groenewoud yn in grôtfol Thialf by it WK allround © Orange Pictures
De oare kânshawwer is Turyn. Hjir binne earder yn 2006 ek al de Spelen hâlden. Boppedat leit de stêd in stik tichter by de Frânske regio dêr't de Spelen holden wurde.
Moandeitejûn waard dúdlik dat Thialf in foarsprong naam hat yn de twastriid mei Turyn.
It giet no echt noch om de details.
Thialfdirekteur Minne Dolstra
"Ik ha wolris sein dat it 50-50 wie tusken ús en de Italianen", laket Dolstra. "Dan sil ik it no mar ynskatte dat it yntusken 90-10 is yn ús foardiel."

Wolkom

Wêrom't de kar op Thialf fallen is? Dolstra wit it net. Ek is noch net dúdlik wêr't de Frânsen noch oer trochprate wolle en oft se dêrfoar nochris delkomme wolle yn Fryslân.
Wat de direkteur oanbelanget, binne se wolkom. "Wat se no noch witte wolle, moatte we sa goed as mooglik oppakke. It is it lêste stikje fan petearen dy't al twa jier rinne. It giet no echt noch om de details."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.