Frânske olympyske organisaasje wol foar it reedriden eksklusyf mei Thialf prate

De namme Thialf by de yngong fan it iisstadion © Orange Pictures
De kâns dat it olympysk reedrydtoernoai yn 2030 op Thialf plakfine sil, is moandei in stik grutter wurden. De Frânske organisaasje hat oanjûn foarearst allinnich mei Nederlân fierder te ûnderhanneljen.
Dêrmei is de Feanster dream fan fiif olympyske ringen oan it iisstadion noch altyd libjend.

Frânske Alpen

De organisatoaren fan de Spelen yn 2030, dy't oan de Frânske Alpen tawiisd binne, sykje nei in akkommodaasje foar it olympyske langebaanriden en sjogge dêrby ûnder oare nei it Fryske iisstadion.
IIsstadion Thialf © ANP
Thialf is al skoften yn byld om de reedrydhal foar de Olympyske Spelen fan Frankryk te wurden. De Frânsen hawwe gjin geskikte hal en binne net fan doel om ien te bouwen.

Lobby

In ferskaat oan partijen - it ministearje fan VWS, it reedrydbûn KNSB, NOC*NSF, de gemeente Hearrenfean en de provinsje Fryslân - hat der alles oan dien om de fertsjintwurdigers te oertsjûgjen fan de geskiktheid fan Thialf.
Deputearre Abel Kooistra en boargemaster Avine Fokkens fan It Hearrenfean wiene der sels spesjaal foar ôfreizige nei de Olympyske Spelen fan Milaan ôfrûne winter.
Boargemaster Avine Fokkens stiet Omrop Fryslân te wurd op de tentoanstelling yn Milaan © Omrop Fryslân
Oarsom hat der it ôfrûne jier trije kear in Frânske delegaasje op besite west yn Thialf.
Ferskate Nederlânske topriders, lykas Femke Kok en Marijke Groenewoud ha just oanjûn dat se leaver op in lokaasje yn Frankryk it olympysk toernoai ride.

Turyn

Njonken Thialf is ek de Italiaanske stêd Turyn yn byld. Hjir binne earder yn 2006 ek al de Spelen hâlden. Boppedat leit de stêd in stik tichter by de Frânske regio dêr't de Spelen holden wurde.
De Italianen sitte nei de beslissing fan moandei foarearst wol yn de wachtkeamer.
Ein juny moat de organisaasje in definityf beslút nimme. Dan moatte alle lokaasjes foar de Olympyske Spelen fan 2030 foarlein wurde oan it IOC.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.