Nije finansieringsmooglikheden foar ynnovative Fryske bedriuwen

Rob Drees, direkteur FOM © Omrop Fryslân
De Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM) stelt 6 miljoen euro beskikber foar ûndernimmers mei ynnovative projekten. It jild is bedoeld foar de faze wêryn't ynnovaasjes test wurde en taret wurde op tapassing yn de praktyk.
Neffens direkteur Rob Drees fan de FOM komme in soad goeie ideeën net op de merk om't de finansiering yn de betide faze ûntbrekt.
"Met deze regeling kunnen we ondernemers eerder ondersteunen en helpen om hun innovatie daadwerkelijk verder te brengen", seit er.
De finansiering is bedoeld foar startups en ynnovative mkb-bedriuwen dy't in produkt of technology ûntwikkelje. It kin brûkt wurde foar bygelyks it meitsjen fan in prototype, it útfieren fan in pilot of it testen by earste brûkers.
De turbine giet hast nei de testfase © Omrop Fryslân
Ien fan dy ynnovative projekten is Equinox. It bedriuw makket in turbine dy't elektrisiteit opwekket mei de streaming fan seewetter.
Direkteur Pieter de Haas wit mar al te goed hoe dreech it is om de finansiering oan it begjin fan sa'n projekt rûn te krijen.
Hy fertelt dat it faak om in soad jild giet en de ûntwikkeling net sa fluch is as by AI of technologyske projekten.
Dy lange termyn makket ynvestearders ûnwis, seit De Haas. "Je hebt niet binnen anderhalf jaar je geld terug. Dat duurt wel vijf tot zeven jaar."

Japan

It projekt fan de turbine komt hast yn de folgjende faze, dan kin der test wurde. Dit is mei mooglik troch de finansiering fan de FOM.
Oer twa moannen moat de turbine yn it wetter lizze, der is in soad belangstelling út it bûtenlân.
"Er is veel interesse vanuit Japan. Je zou 60 procent van Japan van elektriciteit kunnen voorzien met dit soort zeestromingen."

En as de pot leech is?

Ûndernimmers kinne in oanfraach fan 50.000 euro oant 4,5 ton yntsjinje fia de webside fan de FOM.
As it jild op is dan giet Drees graach werom nei Den Haag om sjen te litten dat it in sukses is. "Zie je wel dat Friesland heel innovatief is? Hebben jullie nog meer geld ter beschikking?"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.