Frustraasje nei staakt duel tusken NAC en sc Hearrenfean: "Wat zijn we allemaal kleine kindjes"

Dylan Vente © Orange Pictures
De wedstriid tusken NAC Breda en sc Hearrenfean rûn mei in sisser ôf. It duel waard yn de 82e minút definityf staakt nei it smiten fan fjoerwurk troch oanhingers fan NAC (2-0).
Trainer Robin Veldman is net fernuvere oer de staking. "Met de signalen die er zijn geweest, is het geen verrassing dat dit gebeurd is. In die zin heeft NAC wel waarschuwingen gehad."
Foar de wedstriid wie it al ûnrêstich om it stadion hinne troch de oansteande degradaasje fan NAC. "Nu krijgen de supporters wel heel veel invloed op het spelen of niet spelen van wedstrijden, dat is doodzonde."
Yn de begjinfaze fan de wedstriid wiene de Bredanaars al in soad te finen op de helte fan de Friezen. It wie ek de thúsploech dy't de iepeningstreffer makke: Boy Kemper skeat de bal hurd binnen.
"Als je kijkt naar het geloof waarmee NAC speelde, dat geloof miste ik. Dat heb ik in de rust ook aangegeven", seit Veldman.
"Wij hebben hartstikke veel om voor te spelen, maar dan moet je wel beter voor de dag komen. Dat was vandaag gewoon niet goed genoeg."
Fjoerwurk op it fjild yn Breda © Orange Pictures
De twadde helte wie in kertier dwaande doe't de wedstriid staakt waard, omdat supporters fan NAC fjoerwurk op it fjild smieten. De staking duorre sa'n tsien minuten.
Nei it ferfetsjen wist Dylan Vente de lykmakker binnen te sjitten. Dizze waard efkes letter ôfkard, omdat Ringo Meerveld dêrfoar bûtenspul stie.
Yn de 72e minút makke Hristiyan Petrov hands, wat resultearre yn in strafskop foar NAC. Kemper lei de bal op de stip en makke syn twadde goal.

Twadde staking

Yn de 82e minút waard de wedstriid foar de twadde kear staakt, opnij fanwegen fjoerwurk. Op dat stuit pakten de direkte konkurrinten fan NAC al punten, wêrtroch't NAC offisjeel degradearre wie nei de earste divyzje.
Efkes letter waard bekend dat de wedstriid offisjeel staakt waard by in tuskenstân fan 2-0. De restearjende acht minuten wurde op in letter momint útspile.
Luuk Brouwers © Orange Pictures
"Je wordt er een beetje moedeloos van", seit Luuk Brouwers in skoftke nei de wedstriid. "Als de emoties gezakt zijn, denk je: wat zijn we allemaal kleine kindjes."
"Elke keer hetzelfde probleem in Nederland, dat het normaal is om vuurwerk mee te nemen en bekertjes te gooien. Het is gewoon gevaarlijk."
"Stel dat wij met 2-0 voor staan en hetzelfde gebeurt, dan is de kans vrij aannemelijk dat ze het erbij laten", seit Brouwers.
"Maar omdat wij achter staan, waar we zelf een groot aandeel in hadden, kunnen ze dat niet doen omdat het te veel invloed heeft op de competitie. Maar wij zijn niet het probleem van dit gedrag, wij worden benadeeld."
"Je ziet het gewoon aankomen, je hoort het al", seit Brouwers. "We geven ze alsnog zo veel aandacht dat ze er nog plezier van hebben ook. Je moet gewoon een weg vinden waarop de juiste mensen bestraft worden."
It is noch net dúdlik wêr't en wannear't de wedstriid útspile wurdt. Dêroer wurdt noch oerlein tusken meardere partijen, wêrûnder algemien direkteur fan sc Hearrenfean Ferry de Haan.
"In mijn beleving is het reëelste scenario dat de wedstrijd gewoon in Breda uitgespeeld wordt. Dat zal morgen of dinsdag eventueel moeten zijn, maar dat moet nog blijken", seit er tsjin Omrop Fryslân.
As de gemeente Breda gjin tastimming jout dat de wedstriid dêr útspile wurdt, dan kin it sa wêze dat de slotfaze spile wurdt yn it Abe Lenstra Stadion.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.