LWD Basket slút BNXT-avontuer ôf mei ferlies yn België
LWD Basket hat syn lêste kompetysjewedstriid yn de BNXT League ferlern. Op besite by Okapi Aalst waard it 118-90.
Yn it earste kwart koe LWD goed meikomme mei de thúsploech (27-25), mar dêrnei rûn Aalst hurd út. Leo O'boyle makke de measte punten foar LWD Basket (18).
Foar LWD Basket is it net allinnich de lêste wedstriid dit seizoen yn de Nederlânsk-Belgyske kompetysje, mar foar altyd. De Ljouwerters ha har nammentlik net ynskreaun foar takom seizoen. Neffens it bestjoer is it finansjeel en organisatoarysk in te grutte útdaging om ek takom seizoen diel te nimmen.
Dit seizoen is noch net hielendal foarby, want LWD Basket hat him wol pleatst foar de play-offs om de Nederlânske lânstitel. LWD is nammentlik de sechsde Nederlânske klup op de BNXT-ranglist.
Dat betsjut yn de earste ronde in best-of-3-searje tsjin ZZ Leiden, dat tredde wurden is. De earste wedstriid yn de play-offs is freed yn Leiden. De winner fan dizze kwartfinale spilet yn de heale finale tsjin de Nederlânske nûmer twa fan de reguliere kompetysje, Donar.
Sjoch foar mear sportnijs yn ús liveblog: